Jan Kuiler
Nederlânske arsjitekt
Jan Kuiler (Utert, 22 maart 1883 - Amsterdam, 2 augustus 1952), yn fakliteratuer meast J. Kuiler neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk
bewurkje seksjeKuiler wie foaral aktyf yn it noarden fan it lân, meast tegearre mei syn fakgenoat Lucas Drewes (1870-1969), mei wa't er yn Grins fan 1916 ôf oan it arsjitekteburo Kuiler en Drewes hie. Tegearre ûntwurpen se in soad filla's, bûtenpleatsen, fabriken en tsjerken, lykas de Oosterkerk yn Grins. Ek it Puddingfabryk dêre is fan harren hân. Ferskate bouwurken fan Kuiler en Drewes binne oanwiisd as ryks- of gemeentlik monumint.
Jan Kuiler wie in soan fan de Utertske arsjitekt M.E. Kuiler (1859-1937). Ek syn neef J.E.K. Kuiler (1883-1957) wie arsjitekt.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1898: Grifformearde tsjerke, Sauwerd [1]
- 1913: Hearehûs oan de Hearewei yn Grins (sûnder L. Drewes) [2]
- 1913: Filla oan de Rijksstraatweg, Haren [3][4]
- 1914: Foarhûs fan fillapleats Groot Hoijsum, Warffum (sûnder L. Drewes)
- 1917: Grientekonservefabryk Hunsingo, Winsum [5]
- 1920: Noorderkerk, Grins [6]
- 1921: Went oan de Weg voor de Jagerskampen, Haren [7]
- 1922: Filla De Jagerskampen, Haren (yn 1931 ferboud, opnij troch Kuiler & Drewes) [8]
- 1923: Odd Fellowhuis, Grins [9]
- 1923-1924: Bankgebou oan de Vismarkt, Grins [10]
- 1927-1929: Oosterkerk, Grins [11]
- 1930: Filla oan de Terborgsteeg, Haren [12]
- 1930: Filla oan de Westerse Drift, Haren [13]
- 1931: Dûbel lânhûs oan de Hondsruglaan/Quintuslaan, Grins [14]
- 1931: Puddingfabriek A.J. Polak, Grins
- 1931: Earder Joadsk bejaardehûs Beth Zekenim, Grins [15]
- 1931: Filla De Dobbe, Haren [16]
- 1931: Filla Lindenhof, Haren [17]
- 1936: Filla oan de Dilgtweg, Haren [18]
- 1950: Herfoarme tsjerke, Wapenveld [19]
- 1952: Immanuëltsjerke, Capelle aan den IJssel [20]
- 1954: Grifformearde tsjerke, Houwersyl [21]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|