Oosterkerk (Grins)
De Oosterkerk (Eastertsjerke) is in monumintale tsjerke yn Grins. De tsjerke wurdt brûkt troch de grifformeard-frijmakke gemeente en jout plak oan mear as 1100 minsken.
Oosterkerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | E. Thomassen à Thuessinkloane 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1927-1929 | |
arsjitekt | J. Kuiler en L. Drewes | |
boustyl | Ekspresjonisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 483654 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
SkiednisBewurkje
De tsjerke waard tagelyk mei in pastory en kosterswente yn de jierren 1927-1929 op de hoeke fan de S.S. Rosensteinloane en de Thomassen à Thuessinkloane boud foar de grifformearde gemeente fan de eastlike stedsútwreiding fan Grins. De arsjitekten Jan Kuiler en Lucas Drewes ûntwurpen in tsjerke yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle en dêr't plak wie foar mear as 1100 minsken (wêrfan 336 op de kreake).
Tsjerke, kosterswente en pastory steane op in mearhoekich, waaierfoarmich grûnplan, mei de haadyngong op de hoeke fan de beide loanen oan de râne fan de Easterparkwyk. Yn 1990 waarden de glês-yn-leadramen restaurearre. Sûnt 1995 is de tsjerke ynskreaun as ryksmonumint.[1]
GebrûkBewurkje
Tusken 1999 en 2002 dielden de grifformearden de tsjerke mei de frijmakke-grifformearden. Op 1 juny 2002 foarmen de Grifformearde tsjerken fan Grins-Noard en Grins-Súd ien Grifformearde Stedstsjerke. Noch yn deselde moanne holden de grifformearden foar it lêst in tsjinst yn de tsjerke. De frijmakken bliuwe lykwols de tsjerke fierder brûken.[2]
OargelBewurkje
Yn itselde jier fan de foltôging fan de grifformearde tsjerke boude de firma Valckx & Van Kouteren út Rotterdam boppe de preekstoel in pneumatysk oargel. Yn de jierren 1960 en 1970 waard de disposysje fan it ynstrumint feroare en de traktuer elektrifisearre. Yn 2008 brocht Mense Ruiter tagelyk mein in restauraasje it oargel werom yn de oarspronklike steat.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|