Lucas Drewes (Warfhuizen, 28 augustus 1870 - Hattem, 9 maaie 1969),[2] meastal L. Drewes neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt, dy't benammen yn it noarden warber wie.

It Puddingfabryk yn Grins yn 2009. It waard yn de jierren 1927-1929 boud as Puddingfabriek A.J. Polak. Fan 1975 oant 1997 wie it Grinzer gemeente-argyf hjir festige. Sûnt 2003 is it in bedriuwssammelgebou.[1]
Filla (1936) oan de Dilgtweg yn Haren (2010)

Hy wurke as boukundige by de gemeente Grins en waard letter selsstannich arsjitekt. Hy rjochte mei Jan Kuiler (1883-1952) it arsjitekteburo Kuiler & Drewes op yn Grins. Tegearre ûntwurpen sy in grut tal filla's, bûtenhuzen, fabriken en tsjerken, sa as de Puddingfabryk en de Eastertsjerke, beide yn Grins. Guon fan Kuiler en Drewes harren bouwurken hawwe de ryksmonumintestatus.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1898: Grifformearde tsjerke, Sauwerd [3]
  • 1917: Grientekonservefabryk Hunsingo, Winsum [4]
  • 1920: Noorderkerk, Grins [5]
  • 1921: Went oan de Weg voor de Jagerskampen, Haren [6]
  • 1922: Filla De Jagerskampen, Haren (yn 1931 ferboud, opnij troch Kuiler & Drewes) [7]
  • 1923: Odd Fellowhuis, Grins [8]
  • 1923-1924: Bankgebou oan de Vismarkt, Grins [9]
  • 1927-1929: Oosterkerk, Grins [10]
  • 1930: Filla oan de Terborgsteeg, Haren [11]
  • 1930: Filla oan de Westerse Drift, Haren [12]
  • 1931: Dûbel lânhûs oan de Hondsruglaan/Quintuslaan, Grins [13]
  • 1931: Puddingfabriek A.J. Polak, Grins [1]
  • 1931: Filla De Dobbe, Haren [14]
  • 1931: Filla Lindenhof, Haren [15]
  • 1936: Filla oan de Dilgtweg, Haren [16]
  • 1950: Herfoarme tsjerke, Wapenveld [17]
  • 1952: Immanuëltsjerke, Capelle aan den IJssel [18]
  • 1954: Grifformearde tsjerke, Houwerzijl [19]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1,0 1,1 Architectuurgids Groningen - De Puddingfabriek (Viaductstraat 3a, Grins)
  2. Ek Voorburg, 29 maaie 1969 wurdt neamd as plak fan ferstjerren- en datum, sjoch Bonas.nl - Drewes, L.
  3. Historische Kring Ubbega - Het Groninger Orgelbezit van Adorp tot Zijldijk (Kerkstraat 12, Sauwerd)
  4. Informatiebulletin Historische Vereniging Winsum, 11de jiergong, nr 2, novimber 2006 - Groentenconservenfabriek Hunsingo (Trekweg, Winsum)
  5. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Akkerstraat 28, Groningen)
  6. RCE - Rijksmonument 513863 (Weg voor de Jagerskampen 3, Haren)
  7. RCE - Rijksmonument 513852 (Weg voor de Jagerskampen 30, Haren)
  8. RCE - Rijksmonument 513847 (W.A. Scholtenstraat 21, Groningen)
  9. RCE - Rijksmonument 486673 (Vismarkt 54-54a, Grins)
  10. RCE - Rijksmonument 483654 (S.S. Rosensteinlaan 22-23, Grins)
  11. RCE - Rijksmonument 513851 (Terborgsteeg 4, Haren)
  12. RCE - Rijksmonument 513849 (Westerse Drift 95, Haren)
  13. RCE - Rijksmonument 484251 (Hondsruglaan 21/Quintuslaan 15, Groningen)
  14. RCE - Rijksmonument 513847 (Ryksstrjitwei 381, Haren)
  15. RCE - Rijksmonument 513850 (Julianaleane 11, Haren)
  16. RCE - Rijksmonument 513847 (Dilgtweg 6, Haren)
  17. Orgelcommissie Wapenveld - Aankoop orgel (Kwartelweg 9, Wapenveld)
  18. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Fresiastraat 2, Capelle aan den IJssel)
  19. Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Hoofdstraat 1b, Houwerzijl)