Jan Piterssoan Sweelinck
Jan Pieterssoan Sweelinck (Dimter, [??] maaie 1562 - Amsterdam, 16 oktober 1621) wie in Nederlânsk komponist, organist, klavesinist, muzykpedagooch, muzykorganisator en ensemblelieder. Hy jildt as de wichtichste Nederlânske komponist út de ier-moderne skiednis.
Jan Piterssoan Sweelinck | ||
Jan Pieterssoan Sweelinck | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Pieterssoan Sweelinck | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | maaie 1562 | |
berteplak | Dimter | |
stoarn | 16 oktober 1621 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Komponist | |
aktyf as | muzykpedagooch, muzykorganisator, ensemblelieder |
Biografy
bewurkje seksjeJeugd
bewurkje seksjeJan Piterssoan Sweelinck wie de âldste fan trije bern fan Pieter Sywertssoan (of Swibbertssoan) en Elsgen Sweling, dochter fan de Dimter stêdssjirurgyn Johan Zwelick. De bern brûkten de efternamme fan mem út reden fan it foaroansteand plak dat har famylje yn Dimter hie.
Heit Piter wie in soan fan Swibbert fan Keyzersweerd, in musikus dy't yn de iere 16e iuw út (it doe noch Nederlânsktalige) Neder-Rynlân nei Dimter ferfarde en dêr organist fan de Grutte of Sint Lebuïnustsjerke waard. By syn wiif sette er sân bern oan, ûnder oaren Piter, dy't him letter opfolgje soe as organist fan de grutte Dimter stêdstsjerke.
Yn 1564 ferhuze Piter Swibberts nei Amsterdam dêr't er organist fan de Alde of Sint Nikolaastsjerke waard. Fan Sweelinck syn heit en syn pake binne gjin komposysjes bekend.
Ferskaat
bewurkje seksjeJoost van den Vondel skreau it folgjende grêfskrift foar him:
Dits Sweelinck's sterfelyk deel; ten troost ons nagebleven;
't Ontsterfelyk hout de maet by Godt in 't eeuwig leven;
Daer streckt hy, meer dan hier omvatten ons gehoor,
Een goddlycke galm in aller Enghlen oor.
- Sweelinck stie yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw op it Nederlânske bankbiljet fan 25 gûne. (Yn deselde searje stie Joost van den Vondel op it bryfke fan ƒ5, Frans Hals op it bryfke fan ƒ10, Michiel de Ruyter op it bryfke fan ƒ100 en Baruch Spinoza op it bryfke fan ƒ1000.)
Sweelinck no
bewurkje seksjeDiskografy
bewurkje seksjeYn 2010 kaam in doas mei 17 cd's út, mei alle muzyk fan Sweelinck dêr't wy fan witte, totaal 254 fokale stikken, byinoarbrocht ûnder de titel Het Sweelinck Monument en mei wiidweidige taljochtingen yn seis boeken. Utfierende artysten binne it Gesualdo Consort Amsterdam û.l.f. Harry van der Kamp en organist Bernard Winsemius.
Sweelinckjier 2012
bewurkje seksjeYn 2012 wie der omtinken foar it feit dat Jan Piters Sweelinck 450 jier lyn yn Dimter berne waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|