Jan Voerman (1857-1941)
Jan Voerman (Kampen, 25 jannewaris 1857 - Hattem, 25 maart 1941), ek bekend as Jan Voerman sr., wie in Nederlânske keunstskilder, yn it foarste plak bekend fan syn lânskippen oan de Isel.
Jan Voerman (1857-1941) | ||
keunstner | ||
Selsportret om 1890 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1857 | |
berteplak | Kampen | |
stoarn | 1941 | |
stjerplak | Hattem | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder | |
bekendste wurk(en) |
Lânskippen oan de Isel | |
jierren aktyf | om 1872-1939 | |
offisjele webside | ||
Profyl by de RKD |
Biografy
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeJan Voerman waard yn Kampen berne; syn heit en mem wiene Geesje Bos en Hendrik Voerman. De jonge Jan waard op de legere skoalle freon mei W.B. Tholen. Beide de jonges tekenen en hâlden fan de natuer, en troch Tholens heit dy 't sels skilder wie, kamen se al betiid yn 'e kunde mei it skilderjen. Doe 't Jan fan skoalle kaam, moast er syn heit helpe op it boerebedriuw. Njonken it arbeidzjen op it lân besocht er hynders en kij te tekenjen. Fan 1870 oant 1875 wiene C.H. Hein en F.J. Buytendijk syn tekenleraren oan de stêdstekenskoalle yn Kampen, dêr 't Voerman jûnslessen folge. J.D. Belmer, tekenlearaar oan de hbs yn Kampen, learde him skilderjen; in omke fan Jan stipe him finansjeel.
Yn 1876 waarden beide maten tagelyk talitten op de Ryksakademy yn Amsterdam, dêr't se ûnder oare skilderles krigen fan August Allebé. Voerman studearre dêr fan 1876-1880 en fan 1881-1883. Oan de Koningklijke Academie voor Schone Kunsten fan Antwerpen folge er simmer- en winterkoersen fan 1880-1881 by Karel Verlat. Werom yn Amsterdam krige er fan 1881 oant 1883 in loge oan de akademy om selsstannich syn keunst te beoefenjen. Yn 1883 ferliet er de akademy en gie oan't wurk foar de keunsthannel Buffa, sûnder fêst te sitten oan in kontrakt. Hy skildere lânskippen, stedsgesichten, blomstillibbens en sjenrestikken. Ek waard er lid fan de keunstnersferiening Arti et Amicitiae. Syn iere frije wurk út dy jierren ferriedt dúdlik de ynfloed fan de akademyske learmasters Allebé en Verlat, sawol yn termen fan ûnderwerp, kleurstelling as fervebehannelingehandeling.
Amsterdam
bewurkje seksjeYn 1885 luts Voerman yn it eardere atelier fan Jozef Israels, Rozengracht 66 yn Amsterdam en kaam rillegau yn 'e kunde mei keunstners, lykas Eduard Karsen, Isaac Israels en Breitner; hy makke in protte akwarellen yn ympresjonistyske styl fan blommen en greidelânskippen mei fee. Yn de simmer fan 1885 skildere er mei Tholen yn de omkriten fan Kampen. Yn de jierren 1887/1888 hold er ta yn Hattem. Fan 1885 ôf, doe't Voermans Amsterdamske wurk foaral bestie út in soad stedsgesichten mei minskefigueren, begûn it mear hânsume en spontane skilderjen it te winnen fan syn eardere sekuerens. Yn skilderijen as Noordermarkt, Groenteverkoopsters, Jordaanvrouwtjes en Begrafenis ferkrong de ympresjonistyske útwurking fan it motyf syn oarspronklike detaillearde útwurking. Hy fertsjinne mei Vee in de weide de Willink van Collenpriis fan 700 gûne. Tegearre mei syn learling Jan Verkade wurke er faak bûten de stêd, ûnder oare yn Nunspeet en Kampen; ek waard by de Verkades in soad oan akwarelstúdzje dien, dêr't ek syn twadde learling, Augustine Obreen oan meidie. Yn 1889 waard Jan Voerman lid fan de Hollandsche Teeken-Maatschappij, dy't it akwarellearjen bot stipelearre. Mesdag kocht in akwarel fan him, foar sy samling.
Hattem
bewurkje seksjeVoerman troude op 1 oktober 1889 yn Amsterdam mei Anna Henriette Gezina Verkade (Anna), dochter fan Ericus Gerhardus Verkade - oprjochter fan it bedriuw Verkade yn Zaandam - en Eduarda Thalia Kening. Anna Verkade krige er kunde oan komme fia har broer Jan Verkade (de lettere religieuze skilder pater Verkade), dy 't in pear jier syn 'learling' west hie yn Amsterdam. It troude pear ferhuze al ridlik gau nei Hattem, dêr't hja earst op in krappe boppe-étaazje wenje moasten mei harren earste soan Jan Voerman jr. (1890 -1976), de lettere skilder en yllustrator. Om't Jan Verkade út Hattem weigie nei de Nabis-groep yn Frankryk joech er de jonge húshâlding syn hûs oan de Tsjerkestrjitte yn Hattem. Doe earst hie Voerman sels syn earste atelierromte yn Hattem, dêr't er mei goed ljocht skilderje koe. Sels neamde Fuorman dy tiid syn 'teoretyske perioade', dêr 't er der nei stribbe om in sa grut mooglike suverens yn de ekspresje fan syn fielen te berikken. Yn 1892 kaam F. Tessaro fan keunsthannel Frânsk Buffa en Soannen út Amsterdam op besite om syn resinte wurken te besjen; yn 1894 organisearre dy in solo-tentoanstelling fan syn wurk yn de toanseal fan Arti et Amicitiae. Koart dêrop waard Voerman útnûge om diel te nimmen oan de alderearste Biënnale; hy stjoerde twa wurken yn.
Wenje oan de Isel
bewurkje seksjeIn 1895-96 liet Voerman in sober en stoersk hûs ûntwerpe troch arsjitekt De Bazel op in stik grûn oan de Geldersedijk yn Hattem dêr't er in wrydsk útsjoch hie oer de Isel mei syn úterwaarden en honderten kij dy't dêr weiden. Fan dy tiid ôf oan skildere Voerman syn protte Iselgesichten - yn ferfine, witige kleuren ûnder hege wolkeloften. Yn 1897 liet Voerman senior efter yn de grutte tún in aparte wurkpleats sette, sadat er him genôch ôfsûnderje koe fan zyn húshâlding mei wilens fiif bern. De earste ferdjipping mei in skitteterjend útsicht op de Isel waard syn eigen domein; soan Jan soe letter de ûnderferdjipping as plak om te wurkjen krije. Buffa organisearre in twadde solo-útstalling yn Amsterdam foar him; in resensint omskreau syn wurk as 'de klassike apoteose fan it Ympresjonisme'. Yn 1898 folge op 'en nij in tentoanstelling ta eare fan de kroaning fan keninginne Wilhelmina; beide eksposysje smieten Voerman in soad wurdearring op.
Nei 1900
bewurkje seksjeFan 1902 ôf oan tsjinne him in nij ûnderwerp by Voerman oan: boskgesichten, dy't er ek wol bosjes neamde. Hy skildere dy op it plak sels yn de bosk om Hattem hinne, by de Trijselenberg en op it bûten Molecaten. Om 1904 begûn Fuorman in skoft allinne mei oaljeferve te eksperimintearjen en makke sadwaande net folle definitive wurken; hy woe yn oaljeferve in transparânsje berikke te ferlykber mei dy yn syn akwarellen op papier. In pear jier letter, wreide Voerman syn eigen grûn oan de Isel fierder út en der waarden in pear ateliers byboud. Yn 1910 en 1917 skildere er ferskate ûnderwerpen, lykas boskjes, boskrânen, hagen en ek alderhande fariaasjes op syn bekende tema 'de Isel'. Yn 1925 waard troch in wynhoas fan in pear kilometer breed in grut part fan Borculo ferneatige. Dat wie foar Voerman oanlieding om in searje ekspresjonistyske doeken en panielen te skilderjen, dêr't felkleurige loften (boppe Hattem) yn it drama fan Borculo yllustrearren; dy dogge tinken oan it wurk fan de Ingelske skilder William Turner. Yn 1929 makke er op 'e nij boskstúdzjes yn it boskje fan Juffer Jonker, om it hûs Velthuys hinne, dat ek troch arsjitekt De Bazel boud wie. Syn eagen waarden stadichoan minder; yn 1935 wie er net mear by steat om te skilderjen.
Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch waard de âlde Voerman noch nei Wezep evakuearre, werom yn Hattem stoar er dêr op 25 maart 1941.
Galery
bewurkje seksje-
De Roudagen / De treurdagen, om 1884, oaljeferve op paneel (Joadsk Histoarysk Museum)
-
Ouwer fan de Isel by Hattem, om 1900, akwarel op papier
-
Gerskjende kij yn in greide, om 1900, akwarel op papier
-
Simmersk greidelânskip oan de Isel mei sicht op Hattem, 1909, oaljeferve
-
Idylle, akwarel op papier, foar 1920
-
Sicht op Hattem
-
Hattem, ‘Haad fan skilder‘ Jan Voerman. Artwork troch Elisabeth Varga. Materiaal: brons.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- 'Jan Voerman', troch W. Steenhoff (om 1900), yn Het Schildersboek der negentiende eeuw; ûnder redaksje fan Max Rooses; De Nederlandse Boekhandel, Antwerpen, 1900; s. 199 oant 217
- 'J. Voerman' troch A. Plasschaert (1898), yn: Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift. Jiergong 8; s. 1 o/m 22
- Voerman Museum, Hattem: Jan Voerman sr. (1857 – 1941)
- Collectie Nederland: wurk fan Voerman yn ferskate kolleksjes
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Voerman (1857-1941) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|