Willem Bastiaan Tholen
Willem Bastiaan Tholen (Amsterdam, 13 febrewaris 1860 - Den Haach, 5 desimber 1931) wie in Nederlânsk keunstskilder.
Tholen waard berne as soan fan de skilder, en lettere keunsthanneler, Pieter Hendrik Hermanus Tholen en Johanna Maria Arendsen. Fan syn fyfde jier ôf waard er grutbrocht yn Kampen. Op de legere skoalle waard er freonen mei Jan Voerman. Yn 1876 waarden beide tagelyk talitten op de Ryksakademy yn Amsterdam, dêr't se ûnder oare skilderles krigen fan August Allebé.
Tholen wenne en arbeide yn ferskillende plakken yn Nederlân. Hy krige û.o. les fan Paul Joseph Constantin Gabriël. Fan 1877 oant 1878 hâlde er yn Delft ta. Dêr krige Tholen les fan Adolf le Comte en helle de akte M.O. rjochtlinich tekenjen oan de Polytechnyske skoalle. De natoer wie foar Tholen de grutste boarne fan ynspiraasje.
Tholen troude yn 1886 mei Jacoba Suzanne Muller, dy't yn 1918 stoar. Hy troude fannijs yn 1919 mei Lita de Ranitz. Hy wenne en wurke yn De Haach yn de saneamde Kanaalfilla. Hy wie lid fan it keunstnersgenoatskip Pulchri Studio yn De Haach.
Hy ferstoar yn desimber 1931 yn de âlderdom fan 71 jier yn syn wenplak De Haach. Hy waard beïerdige op de Nieuwe Begraafplaats oan de Soerenseweg yn Apeldoarn yn it grêf fan syn heit.
Syn wurk waard yn 1903 bekroand mei de 'gouden medalje', beskikber steld troch keninginne-mem Emma.
Tholen syn wurk is te sjen yn in soad museums, ûnder oaren yn it Boijmans van Beuningen en it Ryksmuseum Amsterdam.
Galery
bewurkje seksje-
Skuorre mei Baarch
-
Achter de Dam (Inkhuzen)
-
Rivierlânskip by Giteren
-
Simmerlânskip
-
Sudersee by rûzich waar
-
Simmerdei yn 'e bosk