Jan de Bruin (1902-1958)

Jan de Bruin (Ternaard, 28 febrewaris 1902Felp, 7 juny 1958) wie in Nederlânsk politikus út namme fan 'e PvdA.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy waard yn de gemeente Westdongeradiel berne as soan fan winkelman Jelger Jans de Bruin (* 1877) en Haebeltje Sijtzes Glas (* 1876). Hy gie yn Ternaard, Holwert en Wormerveer nei de legere skoalle.
Nei de hbs gie er yn 1920 as klerk oan't wurk by de gemeentesekretary fan Ljouwert, wêrnei't er it brocht ta adjunkt-kommys. Fiif jier letter waard er adjunkt-kommys by de provinsjale griffy fan Noard-Hollân en yn 1931 kaam er as haadkommys yn tsjinst by de gemeente Zandvoort. Midden 1935 folge er F. Hajonides op as gemeentesekretaris fan Opsterlân. De gemeenteried fan Zutphen stimde yn april 1940 yn mei syn beneaming dêre ta gemeentesekretaris. Seis jier letter krige De Bruin deselde funksje by de gemeente Ynskedee en yn 1950 folge syn beneaming ta boargemaster fan Rheden. Dêrneist wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Gelderlân en foarsitter fan de Nederlandse Vereniging tot Afschaffing fan Alcoholhoudende Dranken.

Yn dat boargemasterskip ferstoar er yn 1958 yn de âldens fan 56 jier yn it Algemien Sikehûs yn Felp.