Jan van Riebeeck
Johan Anthoniszoon (Jan) van Riebeeck (Kulemboarch, 21 april 1619 – Batavia, 18 jannewaris 1677[1]) wie in Nederlânsk koloniaal, wurksum foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Hy is de stifter fan de earste Jeropeeske koloanje yn Súd-Afrika. Syn delsetting by Kaap de Goeie Hope soe letter útgroeie ta de Kaapkoloanje en úteinlik oant de hjoeddeiske Republyk Súd-Afrika.
Libbensrin
bewurkje seksjeVan Riebeeck waard as soan fan de sjirurch Anthony en syn frou Elizabeth van Gaesbeeck berne yn Kulemboarch. Yn 1922 ferfarre it gesin nei Skiedam, dêr’t Van Riebeeck opgroeide. [2] Hy troude hjir op 28 maart 1649 mei de doe 19 jier âlde Maria de la Quellerie, sy kaam út in laach fan Hugenoatske predikanten. Maria stoar yn Malakka, no part fan Maleizje op 2 novimber 1664, doe’t se 35 wie. It stel krige acht bern, wêrfan de measten net foarby de poppetiid kamen. Harren soan Abraham van Riebeeck, dy’t berne is yn de Kaap, waard letter gûverneuer-generaal fan Nederlânsk-Ynje.
Doe’t hy by de Feriene Eastyndyske Kompanjy kaam yn 1639 arbeide hy op ferskate posten. Hy ferbleaun yn Batavia en hat ek op Desjima yn Japan sitten. Syn wichtichste post wie dy as haad fan de hannelspost Tonkin yn Fjetnam, mar dêr waard hy wei helle doe’t bliken dy’t dat hy him oan priveehannel skuldich makke hie. Hy gie werom nei Nederlân en easke by it sintrale bestjoer fan de FEK, de Hearen XVII, dat hy rehabilitearre wurde soe. Dat died it bestjoer net, wêrop Van Riebeeck der sels mei útskeide, hy naam ûntslach yn 1648. [3]
Yn 1651 kaam hy werom yn tsjinst fan de FEK en waard Van Riebeeck mei trije skippen, de Dromedaris, de Goede Hoop en de Reijger, der op útstjoerd om in ferfarskingsstasjon yn te rjochtsjen by Kaap de Goeie Hope. Hy kaam dêr oan op 6 april 1652 en stifte der Fort Duijnhoop, de earste Nederlânske delsetting op de Kaap. Fort Duijnhoop wie oplutsen út drek, klaai en hout, it hie fjouwer hoeken mei bastions. It wie in stasjon foar skippen dy’t tusken Nederlân en Nederlâns-Ynje farden. De Walvisch en de Oliphant kamen letter ek oan.
Van Riebeeck wie de Kommandeur fan de Kaap fan 1652 oant 1662. Tegearre mei syn kolonisten moast Van Riebeeck soargje foar de oanlis fan tunen om fruit en griente te ferbouwen foar de bemanning fan de FEK-skippen dy’t by de koloanje oankamen. Yn it Kirstenbosch Nasjonaal Botanical Garden yn Kaapstêd siet noch in amandelbeam dy’t op syn oarder plante waard. De kolonisten besochten om fleis te krijen troch ruilhannel mei de lokale Khoikhoi-stammen, dy’t troch de Nederlanners Hottentotten neamd wurden. Mar de Hottentotten beskôgen harren fee as kapitaal en net as iten. De Hollanners hienen foar harren neat dat like folle wurdich wie. It gefolch wie dat hja needsake wienen eigen kij en boeren foar de feeteelt te ymportearjen.
Van Riebeeck bleau lieder fan de koloanje oant 1662. Yn maaie fan dat jier waard hy opfolge troch Zacharias Wagenaer en tôch hy nei Ynje, dêr’t hy lid waard fan de Rie fan Justysje en oant 1665 gûverneur fan Malakka. Fan 1665 oant 1677 wie hy de sekretaris fan de gûverneur-generaal. [4] Hy stoar yn 1677 yn Batavia op it eilân Java doe’t der 58 jier âld wie.
Neitins
bewurkje seksjeJan van Riebeeck spilet in wichtige rol yn de kultuer en histoarje fan Súd-Afrika. Benammen foar de Afrikaner befolking, dy’t him sjogge as de grûnlizzer fan harren naasje. Dit kaam ûnder oare werom in it tal byltenissen fan Van Riebeeck dy’t op postsegels en munten kamen yn de jierren ’40 fan de 20e iuw oant 1993.
Yn in soad stêden en doarpen yn Súd-Afrika binne noch altyd strjitten nei him ferneamd. Yn it sintrum fan Kaapstêd stiet it Jan van Riebeeck monumint. It wapen fan Kaapstêd is basearre op it wapen fan de famylje Van Riebeeck.
Oars
bewurkje seksje- Van Riebeeck is de ûntdekker fan de earste komeet dy’t yn Súd-Afriak ûntdutsen waard. It is de komeet dy’t no de namme C/1652 Y1 hat, it waard ûntdutsen op 17 desimber 1652. Nei alle gedachten hat hy it net sels as earste sjoen, mar syn rapport de ienichste dy’t der noch is.[5]
- Yn Kulemboarch stiet it Jan van Riebeeckhuis, it hûs dêr't Van Riebeeck nei alle gedachten berne is. Hielendal wis is dat net, wol is it wis dat syn pake dêr wenne hat. Yn de tún fan it hûs is in krûdetún.
Literatuer
bewurkje seksje- Ledden, Willem-Pieter van (2005) - Jan van Riebeeck tussen wal en schap, Een onderzoek naar de beeldvorming over Jan van Riebeeck in Nederland en Zuid-Afrika omstreeks 1900, 1950 en 2000. Utjouwerij Verloren
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Jan van Riebeeck en syn Kaapkoloanje
- Jan van Riebeeck (1619-1677)
- Us Jan, de ûnwillige koloanist (Afrikaansk)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|