Jan van Swinderen

Jonkhear Mr. Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen (Balk, Huzinge Riis, 5 septimber 1837 - dêre, 15 maaie 1902) wie lid fan de Earste en Twadde Keamer, steatelid en boargemaster fan Gaasterlân. Hy wie de soan fan jonkhear Gerard van Swinderen, en fan dy syn earste frou Constantia Johanna barones Rengers.

J.H.F.K. van Swinderen

Hy studearre yn Leien en promovearre dêr yn 1861 ta doktor yn de rjochten, op it proefskrift: Over den oorsprong en de geschiedenis van de Floreenen in Friesland, in noch lang rieplachte wurk. Yn 1863 waard hy beneamd as boargemaster fan Gaasterlân, dêr't hy troch syn amtners op hannen droegen waard. Fan alles besocht er om de wolfeart fan de gemeente te ferheegjen. Ferskate nije wegen waarden oanlein, foar in part betelle út de gemeentekas, mar ek wol út eigen middelen. Hy waard dêrby stipe troch syn sydsulver, dy't har talei op de sikesoarch. 9 maaie 1865 waard hy lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. As oertsjûge liberaal waard hy yn 1878 foar it kiesdistrikt Dokkum ôffurdige nei de Twadde Keamer, mar al in jier letter (ynstee fan syn heit) op 15 septimbeer 1879 ta lid fan Earste Keamer keazen. Hy erfde 14 juny 1860 de ridderhofstêd Lunenburg fan syn sib, E.J.C.G.M. barones van Lijnden v. Lunenburg en liet it kastieltsje troch syn heit bewenje. Letter ferhierde hy it oan jhr. Van den Berch van Heemstede, mar ferkocht it yn 1887.

Van Swinderen boaske yn Utert 19 april 1866 mei Frederika Christina Henriëtte barones Taets van Amerongen (dêre, 11 septimber 1833 - Ljouwert 19 juny 1892 ), dochter fan baron Frederik Christiaan Hendrik en fan Anna Digna de Beaufort. Ut dit houlik kamen 6 bern.

Van Swinderen waard yn 1887 beneamd ta ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy stoar yn 1902 yn de âldens fan 64 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

NNBW