Jane Avril, artystenamme fan Jeanne Beaudon, ek wol Jane La Folle of Mélinite neamd (Parys, 31 maaie 1868 - dêre, 16 jannewaris 1943) wie in Frânsk dûnseres en model. Faaks is hja de meast ferneamde cancan-dûnseresse ea, dy’t fral ferneamd wurden is omdat Toulouse-Lautrec har faak skildere hat.

Jane Avril yn 1893

Libben en wurk bewurkje seksje

Sy waard yn earmoede grutbrocht as dochter fan in koertisane en waard geregeld tramtearre. Neidat sy fan hûs run wie hat se in skoft opnaam west yn it Salpêtrière Hospitaal, omdat sy te lijen hawwe soe fan de neurologyske oandwaning 'St Vitus' Dûns'. Dr. Jean-Martin Charcot, saakkundige op it mêd fan 'frouljus hystery' joech har dêr ferskillende soarten terapyen en hat letter yn in biografy fan har ferklearre dat sy better waard doe’t se op in feest foar pasjinten en personeel fan it hospitaal ûntduts dat se goed dûnsje koe.
Nei it ferlitten fan it hospitaal en in mislearre ferkearing wie se fan doel om harsels tekoart te dwaan, mar sy waard opfong yn in Parysk bordeel.

Fan 1889 ôf trede sy op yn de Moulin Rouge. Sy waard ien fan de boechbylden fan de nachtclub. Se stoppe in skoftke mei dûnsjen doe’t sy in bern krije moast. Fierders soe sy op toernee nei Londen.

Yn 1910 boaske sy oan de Dútske keunstner Maurice Biais. It soe in ûngelokkich houlik wurde en it pear libbe yn earmoed oant har man yn 1926 stoar.

Avril stoar sels yn 1943 yn de âldens fan 74 jier, yn in hûs foar de âlderein. Sy waard begroeven op it Cimetière du Père-Lachaise.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Avril is in karakter yn ferskillende films oer de Moulin Rouge.
  • Avril en Louise Weber, in dûnseresse út deselde tiid, binne altyd fûle konkurrinten fan elkoar west.
  • Avril is in personaazje yn Per Olov Enquist syn pseudo-biografyske roman Boken om Blanche och Marie (2004, dy’t part fan it libben fan Blanche Wittman en Marie Curie beskriuwt).

Keppeling om utens bewurkje seksje