January Magazine is in Kanadeesk literêr online-tydskrift dat ienris yn 'e moanne ferskynd, mei as wurkmêd 'it boek yn de Ingelske taal'. It waard yn 1997 oprjochte troch skriuwster Linda L. Richards, en sûnt binne der ferskate katerns en spin-off-publikaasjes oan tafoege. De redaksje fan it blêd is fêstige yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mar January Magazine publisearret bydragen fan meiwurkers fan oer de hiele wrâld.

January Magazine
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
taal Ingelsk
sjenre literêr
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean sûnt 1997
oprjochter Linda L. Richards
plak haadred. Vancouver (Britsk-Kolumbia)
offisjele webside
www.januarymagazine.com

January Magazine genietet rûnom erkenning om syn goed skreaune resinsjes fan nij-útkommen boeken, en teffens om 'e fraachpetearen mei auteurs dy't yn it blêd ferskine. Guon ferneamde skriuwers dy't troch it blêd ynterviewd waarden, binne: Salman Rushdie, Dennis Lehane, Lorden D. Estleman, Stuart M. Kaminsky en Margaret Atwood. It misdiekatern fan January Magazine wûn yn 2005 in Gumshoe Award yn 'e kategory 'bêste webside oer misdieromans'.

Yn maaie 2006 waard fan dat katern, The Rap Sheet (ek in sprektaalterm foar 'strafblêd'), in selsstannige publikaasje makke ûnder de redaksje fan J. Kingston Pierce, in Amerikaanske mediapersoanlikheid út Seattle. The Rap Sheet en January Magazine ûnderhâlde noch altyd in relaasje fan ûnderlinge gearwurking, wêrby't sawol Richards as Pierce bydragen oan inoars publikaasjes leverje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.