Jarig van der Wielen
Jarig van der Wielen (Ljouwert, 24 jannewaris 1880 - dêre, 7 july 1950), bekend as Oom Jarig, wie de ynspirator en stifter fan de earste Folkshegeskoalle fan Nederlân: Allerdseach by Bakkefean (1931).[1][2] Boppedat wie er sosjalistysk riedslid en wethâlder fan de gemeente Opsterlân.
Nei't er in skoft oer de wrâld swalke hie, begûn er yn 1920 mei it opsetten fan praatjûnen foar manlju. Foar froulju wienen der gearkomsten oer húshâldskoallen en gesinsfersoarging. It gie him om de foarming fan de arbeider. Dy moast alles krije wat nedich wie om selsstannich yn it libben stean te kinnen.
Hy hat 22 jier oan de Folkshegeskoalle wurke en wenne yn it "Hûs mei it Each".
Hy waard yn juny 1950 troch Prins Bernhard bekroand mei de Sulveren Anjer, Van der Wielen wie ôfwêzich fanwegen sykte.[3] Noch gjin moanne letter stoar er yn syn berteplak; lokale en nasjonale media skreaune oer syn dea.[4][5][6][7][8]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|