Jean Philippe Wesselink
Jean Philippe Wesselink (Amsterdam, 19 april 1845 - De Haach, 26 desimber 1931) wie in Nederlânsk militêr en boargemaster.
Libben en wurk
bewurkje seksjeNei syn marine-oplieding yn De Helder gie er yn 1863 as adelborst earste klasse mei it fregat Zr.Ms. Metalen Kruis nei Nederlânsk-Ynje. In jier letter die er mei oan de gefjochten yn Japan (bombardemint fan Shimonoseki).
Yn 1867 waard er befoardere ta luitenant-op-see twadde klasse. Fan 1875 ôf wie er twa jier aktyf yn Atjeh en die doe mei oan de slach by Salamangan. Dêrnei waard er befoardere ta luitenant-op-see earste klasse. Fanwegen medyske problemen ferliet Wesselink yn 1884 de marine en gie er in skoft nei it bûtenlân om better te wurden. Yn augustus 1886 waard er boargemaster fan Brouwershaven en op 1 jannewaris 1888 folge syn beneaming ta boargemaster fan Maassluis. Yn ferbân mei de minne sûnens fan syn frou waard him dêr yn april 1892 op eigen fersyk ûntslach ferliend. Nei in ferbliuw yn it myldere klimaat fan Nassau waard er yn augustus 1893 beneamd ta boargemaster fan Harns. Yn oktober 1896 joech er dy funksje oer en kaam er yn Felp te wenjen dêr't yn maart 1897 syn frou ferstoar. In pear moanne letter waard er boargemaster fan Goes wat er oant oktober 1902 bliuwe soe.
Letter ferhuze er nei De Haach dêr't er ein 1931 yn de âldens fan 86 jier ferstoar. Hy waard yn Velp te hôf brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |