Jehannes VIII (paus)

Jehannes VIII (berne yn Rome en dêre op 16 desimber 882 ferstoarn) wie fan 13 desimber 872 paus, oant syn dea tsien jier letter yn 882. Hy folge Adrianus II op en kaam as de earste paus yn 'e skiednis troch moard om it libben. Hy wurdt fakentiden as ien fan 'e betûfste pausen fan 'e 9e iuw beskôge. Foardat Jehannes VIII as paus keazen waard, wurke er al twintich jier as aartsdiaken.

Jehannes VIII
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 872-882
foargonger Adrianus II
opfolger Marinus I
persoanlike bysûnderheden
berteplak Rome
stjerdatum 16 desimber 882
stjerplak Rome

Jehannes wie in grut part fan syn pausdom dwaande mei it bestriden fan 'e islamityske ynfallen yn Itaalje en harren opmars nei it noarden. Syn krewearjen om help yn te roppen fan 'e Franken mislearre en Jehannes hat doe om de Sint-Piterbasilyk in ferdigeningsmuorre bouwe litten. Jehannes VIII stipe ek Metoadius, de apostel fan Moraavje, yn syn konflikt mei de Beierske geastlikheid. Jehannes VIII hie fan syn foargongers it konflikt mei Fotius I, de patriarch fan Konstantinopel, erft, en makke dêr in ein oan.

Jehannes VIII waard paus yn in tiid dat it kristlike Europa bedrige waard troch de moslims yn it suden. As jongfeint hie Jehannes al tsjûge west fan 'e Arabyske oanfal op Rome. Harren ekspânsje nei Itaalje hie slimme gefolgen foar de ekonomy fan 'e Pauslike Steaten. Nei wer nije oanfallen frege paus Jehannes VIII om militêre help fan 'e troch him yn it jier 875 kroande keizer Karel de Keale en letter ek fan greve Boso fan 'e Provence. It krewearjen fan 'e paus mislearre lykwols en hy waard twongen om skatting te beteljen oan it emiraat Sisylje. De paus lei de driging fan 'e moslims út as in straffe fan God tsjin minne kristenen. De konstante driging late der ta dat de paus koalysjes foarme en in ferbod ynstelde om alliânsjes te foarmjen mei moslims. Syn krewearjen slagge lang om let net om 't guon kristlike lieders yn 'e oprop fan 'e paus ta ienheid in ekskús seagen om it pauslike gesach oer it suden fan Itaalje te fêstigjen.

 
Bul fan Jehannes VIII

Yn 876 reizge de paus troch Kampaanje om in alliânsje tusken de stêden Salerno, Capua, Napels, Gaeta en Amalfi te smijen tsjin de islamityske oanfallen. Yn 877 stjoerden alle fiif stêden delegaasjes nei Traietto om de alliânsje te formalisearjen. Paus Jehannes VIII frege Karel de Keale om te helpen by de ferdigening fan Itaalje en hy kaam oer de Alpen, mar syn ekspedysje ûnderfûn net in soad stipe fan 'e ealju. Sels syn regint yn Lombardije, Boso, wegere om mei te dwaan oan de ekspedysje tsjin de moslims. Tagelyk foel ek Karloman fan Beieren, de soan fan Loadewyk de Dútser, it noarden fan Itaalje binnen. Karel de Keale reizge doe werom nei West-Frânsje en ferstoar ûnderweis op 6 oktober 877 sûnder dat er wat foar de paus betsjutten hie.

Nei de dea fan Karel de Keale en de ynname fan Rome troch de hartoggen fan Spoleto en Toskane flechte paus Jehannes VIII nei de Provence, dêr't er de Synoade fan Troyes hold en him fierder mei opfolgingssaken dwaande hold. Yn it jier 881 kroande Jehannes de East-Frankyske kening Karel de Tsjokke ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Karel de Tsjokke betsjutte lykwols net in soad foar de paus yn 'e striid tsjin de moslims, dy't dielen oan 'e Garigliano begûnen te kolonisearjen.

Om 't de paus net in soad stipe krige foar de striid tsjin de moslims, fersterke er de muorren om Rome. De Sint-Piter stie bûten de âlde stedsmuorren en rekke by in Saraseenske oanfal skansearre. Dêrom fersterke de paus ek de basilyk, it kleaster en de oanbuorjende pleatsen mei in muorre. Ek stifte de paus in pauslike float.

Slavyske taal yn 'e liturgy

bewurkje seksje

Paus Adrianus II wijde Metoadius fan Tessaloniki ta aartsbiskop en stipe syn missy ûnder de Slaven. Sûnder witten fan Rome sette de East-Frankyske kening Loadewyk de Dútser Metoadius finzen, nei't Beierske biskoppen beswier makke hiene tsjin it brûken fan it Slavysk yn 'e liturgy en it net respektearjen fan harren jurisdiksje yn Moraavje troch Metoadius.

Adrianus II ferstoar yn 872 en Jehannes VIII waard keazen him op te folgjen. Doe't biskop Anno fan Freising in besite brocht oan Rome frege Jehannes VIII nei Metoadius, mar biskop Anno liichde de paus foar. Yn 'e simmer fan 873 krige paus Jehannes VIII de wierheid te hearren en hy wie sa poer, dat er de fiering fan 'e Hillige Misse yn Beieren ferbea, krekt sa lang oant Metoadius wer frij wie. Nei de frijlitting kaam Metoadius nei Rome en hy oertsjûge de paus der fan om it Slavysk yn 'e liturgy ta te stean en de Bibel yn it Slavysk oer te setten. Yn 880 karde de paus mei de bul Industriae tuae it brûken fan it âld-Slavysk yn 'e liturgy goed, nei't dat earder ferbean wie.

Swierrichheden mei Konstantinopel

bewurkje seksje

Paus Jehannes VIII ferbettere de minne kontakten en erkende Fotius I as legitime patriarch fan Konstantinopel. Ek bekrêftige er de besluten fan it ûnder Fotius holden Twadde Konsylje fan Nisea (787), dêr't û.o. de eardere feroardieling fan Fotius op it Fjirde Konsylje fan Konstantinopel neatich ferklearre waard. It konsylje erkende de pauslike jurisdiskje allinne oer de biskoppen yn it westen en befêstige tagelyk in eareprimaat fan Rome oer de oare patriargaten.

Jehannes VIII waard op 16 desimber 882 fermoarde troch syn eigen meiwurkers. Nei't se him earst gif joegen en de wurking dêrfan net avensearre, soene se him mei in hammer deahuft ha. Faaks wie it motyf dat de pauslike skatkiste hast leech wie, syn brek oan stipe fan 'e Karolingen, syn tanadering ta de Byzantinen of syn ûnfermogen om in ein te meitsjen oan 'e islamityske ynfallen. Sûnder de beskerming fan machtige foarsten of de keizer waard it pausdom nei it regear fan Jehannes VIII jimmeroan mear ûnderwurpen oan 'e masjinaasjes en ynklauwerige ambysjes fan 'e rivalisearjende clans fan 'e lokale adel. Jehannes VIII waard yn 'e Sint-Piter byset en opfolge troch Marinus I.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: