Jehannes de Dopertsjerke (Fledder)

De Jehannes de Dopertsjerke yn it Drintske Fledder is de tsjerke fan de PKN-gemeente Fledder-Nijensleek.

Jehannes de Dopertsjerke

Johannes de Doperkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Fledder
adres Lesturgeonplein 4
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier tsjerke: 12e-15e iuw
toer 12e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 37474 (tsjerke) [1]
37475 (sealtektoer) [2]
offisjele webside
Protestantske gemeente Fledder-Nijensleek

Sûnt 1965 is de tsjerke in ryksmonumint.

Skiednis bewurkje seksje

Op it plak fan it hjoeddeiske koer stie om it jier 1000 hinne al in houten kapel. De misse waard yn de kapel opdroegen troch de kapelaan fan Diever.

It âldste diel fan it bouwurk foarmet de toer, dy't út likernôch 1350 stamt. De toer is 28,5 meter heech, mar nei alle gedachten waard de toer yn it ferline wat ophege. De galmgatten boppe inoar wize dêr op. It oanbuorjende Fryslân hie as ynfloed dat de toer in sealtek krige, foar Drinte in seldsumheid. De toer is noch romaansk fan styl, mar it tsjerkeskip is goatysk.

It skip waard sûnt 1425 tsjin de al besteande toer oanboud en lang om let waard it wat smellere koer om 1475 hinne foltôge. It houten tek fan de tsjerke waard nei in brân yn 1621 fernijd.

De ferfallen tsjerke waard yn de jierren 1950 restaurearre. Doe binne ek de ramen fan it koer wer iepene. Yn dy tiid waard ek de stiennen trasearing fan de goatyske ramen oanbrocht.

Ynrjochting bewurkje seksje

De tsjerke hat in balkeplafond, mar it koer hat in stiennen ferwulft. Yn de tsjerke stiet it âldste doopfont fan Drinte, dat 12e-iuwsk is. It út Bentheimer sânstien houde doopfont soe eartiids yn Gildehaus (Dútslân) stien ha. De preekstoel is 18e-iuwsk.

Yn de toer hinget in klok fan nei de Twadde Wrâldkriich. De âlde klok waard troch de Dútsers foardere en omraand.

Oargelskiednis bewurkje seksje

It hjoeddeiske oargel ferfong in oargel út 1905 fan de Rotterdamske oargelbouwer J.J. van den Bijlaardt, dat er oarspronklik boude foar de Nije Eastertsjerke yn Rotterdam. Yn 1931 naam de herfoarme gemeente fan Fledder it oargel oer. It stie ynearsten yn it koer en ferhûze nei de restauraasje nei de westlike kant. It oargel waard yn 1976 ôfbrutsen. Yn 1984 kocht de herfoarme gemeente in Standaart-oargel oan, dat earder yn de yn 1972 sletten grifformearde tsjerke fan Skraard stie. It binnenwurk waard yn de oargelkas fan Van den Bijlaardt set. Healwei de jierren 1990 wie it oargel net mear te bespyljen en waard in elektroanysk oargel ynset.

Yn 1999 krige de tsjerke lang om let in nij elektroanysk oargel, dat boud waard troch BAG oargelmakers út Ynskedee. De histoaryske oargelkas fan it âlde oargel waard yn 2012 brûkt by de bou fan in nij oargel foar de hersteld-herfoarme tsjerke fan Elst (provinsje Utert).[3]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: