Jelena Vladimirovna Chroeljova (Russysk: Еле́на Влади́мировна Хрулёва; 27 july 1977), bekend ûnder de namme Jelena Vajenga, is in Russysk sjongster en aktrise. Se hat ferskate prizen wûn, wêrûnder seis kear de 'Sjanson fan it jier', de meast prestizjeuze muzykspriis fan Ruslân.

Jelena Vajenga
sjonger en/of muzikant
Jelena Vajenga (2017)
Jelena Vajenga (2017)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne 27 jannewaris 1977
berteplak Severomorsk
wurkpaad
sjenre pop, folk, sjanson
sjongtaal Russysk
jierren aktyf 1996-no
offisjele webside
Offisjele webside
IMDb-profyl

Se sjongt lieten, folkrock, sjanson en oare. Vaenga's repertoire omfettet har eigen komposysjes, tradisjonele ballades en folkslieten, en lieten ôflaat fan klassike Russyske gedichten.

Har artystenamme is de eardere namme fan har berteplak, Severomorsk. [1] Har mem wie oplaat as gemikus en har heit wie yngenieur. Har pake fan memmekant wie in skout-by-nacht en har pakes en beppes fan heitekant wiene ôfkomstich út Sint-Petersburch (it eardere Leningrad) en oerlibben it belis fan dy stêd troch de nazy's yn de Twadde Wrâldoarloch.

Yn 2012 befoel se fan in soan yn Sint-Petersburch. De heit fan de soan is Roman Sadyrbaev, har man sûnt 2016.

Vaenga trede op yn hiel Ruslân, ûnder mear ferskate kearen yn it Kremlyn. Se trede ek op yn Israël, Dútslân en Oekraïne.

De krante Komsomolskaya Pravda neamde har 'ien fan de populêrste Russyske sjongsters'. [2] Yn 2011 stie Vaenga op it 9e plak yn de list fan meast suksesfolle Russyske entertainers, mei in totaal ynkommen foar dat jier fan mear as seis miljoen dollar.

Kontroverses

bewurkje seksje

Jelena Vajenga ek de oandacht lutsen troch har útspraken oer sosjaal en polityk kontroversjele ûnderwerpen. Op in satiryske tentoanstelling oer drugs yn de Russyske publike romte yn 2008 yn Sint-Petersburg, naam se in karikatuer fan de muorre en ferskuorde dy foar de kamera. [3] Yn 2012 stipe se aktyf de kandidatuer fan Vladimir Poetin foar it presidintskip.

Lykas de sjongeres Valeriya, de sjongers Oleg Gasmanov en Iossif Kobson en oare Russyske kulturele ferneamdheden, hie Jelena Vajenga ek krityk op de kontroversjele aksje fan de feministyske punkgroep Pussy Riot yn de katedraal fan Kristus de Ferlosser yn Moskou. Boppedat fielde se har denigrearre as from kristen. Se reagearre op de feroardieling fan trije groepsleden ta meardere jierren finzenisstraf mei de pittige wurden: 'Ik drink persoanlik op de sûnens fan de rjochters dy't har feroardiele hawwe'. [4][5][6]

  • 2003 — Портрет (Portret)
  • 2003 — Флейта 1 (Fluit 1)
  • 2005 — Флейта 2 (Fluit 2)
  • 2005 — Белая птица (Belaya Ptista / De wite fûgel)
  • 2006 — Шопен (Chopin)
  • 2007 — Абсент (Absint)
  • 2007 — Дюны (Dunen)
  • 2008 — Клавиши (Klavier)
  • 2012 — Лена (Lena)
  • 2015 — New
  • 2018 – 1+1

Keppelingen om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Elena Vaenga fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Елена Ваенга: из искры возгорится пламя", in ynterview (sjoen 28 maart 2015)
  2. (ru) Елена Ваенга: «Коллективу спиртное не предлагать!», 13 оktober 2011
  3. Russische Sängerin, lydiahelpling, Blog der Stadt.Bibliothek.Bergheim, 1 maart 2012
  4. Putin Goes to Church, Cathy Young, reason.com, jannewaris 2013
  5. Russia: Diva Politics Over Pussy Riot, Yulia Lukashina, Global Voices Online, 25 augustus 2012
  6. Russia: Pussy Riot Doomed by its own Supporters?, Andrey Tselikov, Global Voices Online, 8 augustus 2012