Jelle Banga
Dr. Jelle Tjeerds Banga (Frjentsjer, 23 augustus 1786 - dêre, 13 april 1877) wie in genêshear en boargemaster.
Biografy
bewurkje seksjeBanga kaam út de patrysjersfamylje Banga en wie in soan fan de Fryske patriot en froedskip mr. Tjeerd Sijdses Banga (1741-1810) en dy syn twadde frou Lieuwkjen Hendriks Coster (1756-1810). Hy boaske yn 1808 oan Teatske van der Kooi (1787-1858) mei wa't er tsien bern krige, ûnder wa't de lettere rjochter mr. Klaas Banga (1826-1911) wie. Hy wie de skoanheit fan Earste Keamerlid mr. Gijsbertus Schot (1810-1889), fan boargemaster mr. Pieter Adama Zijlstra (1810-1863), fan heechlearaar godgeleardheid prof. dr. Evert Jan Diest Lorgion (1812-1876) en fan boargemaster mr. Tjepke Mulier (1815-1883).
Jelle Tjeers promovearre yn 1807 yn de genêskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy waard dêrnei dokter, mar skreau ek in ferneamde skiednis fan de genêskunst. Hy makke wiidweidige oantekeningen fan syn medysk hanneljen; dy waarden yn 1991 útjûn. In stúdzje oer epidemyske syktes út 1828 waard bekroand troch de Provinsjale Kommissy fan Genêskundich Undersyk en Tafersjoch yn Noard-Hollân en dêrnei troch dy kommisje ek útjûn. Bagma wie 50 jier lid fan de Provinsjale Kommissy fan Genêskundich Undersyk en Tafersjoch yn Fryslân (1815-1865).
Banga wie fierder kurator fan de Latynske skoalle en fan 1811 oant 1813 maire fan Frjentsjer. Fan dy stêd wie er fan 1813 oant 1815 presidint-boargemaster, fan 1824 oant 1844 gemeenteriedslid, dêrnei oant 1847 wethâlder en fannijs boargemaster fan 1847 oant 1856. Hy wie ek noch fan 1814 oant 1850 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Nei syn ferstjerren yn 1877 waard syn bibleteek op 12 novimber fan dat jier feild yn Ljouwert.
Bibliografy
bewurkje seksje- Theses medicae inaugurales. Ljouwert, 1807 (proefskrift).
- Verhandeling over den wederkeerigen invloed van de gezondheid des ligchaams en der ziel. Frjentsjer, 1818.
- Verhandeling over de epidemische ziekte, welke gedurende 1826, in de noordelijke provinciën der Nederlanden geheerscht heeft. Amsterdam, 1828.
- Geschiedenis van de geneeskunde en van hare beoefenaren in Nederland, vóór en na de stichting der hoogeschool te Leiden tot aan den dood van Boerhaave. 2 dielen. Ljouwert, 1868. (Fotomeganyske werprint: Skiedam, 1975².)
Literatuer
bewurkje seksje- A.H. Israels, Recensie van Banga's werk over de geschiedenis der geneeskunde in Nederland, yn: Nederlandsch tijdschrift voor geneeskunde 6 (1870), dl. II, s. 273-280 (ek opnaam yn Banga, 1975²).
- Catalogus eener verzameling net geconditionneerde boeken over natuurwetenschap, geschiedenis en letterkunde, uitmakende de bibliotheek nagelaten door J. Banga. Publieke verkooping 12 Nov. 1877 en drie volgende dagen ... door ... J. Swarts, te Leeuwarden. Ljouwert, 1877.
- [J.H. Goslings-Lysen], Inventaris van de archief-collectie wijlen Dr. J. Banga. Frjentsjer, 1928.
- M.J. van Lieburg, Jelle Banga (1786-1877). Notulist van de 19de-eeuwse genees- en verloskunde in een Friese provinciestad. Rotterdam, 1991.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|