Jeltje van der Werf
[[Ofbyld:|thumb|175px|Jeltje van der Werf yn 1932 yn Feanwâldsterwâl]]Jeltje van der Werf.jpg 30 maaie 2004
Jeltje van der Werf | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 29 jannewaris 1852 | |
berteplak | Feanwâlden | |
stjerdatum | 6 desimber 1934 | |
stjerplak | Feanwâldsterwâl | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | koartebaan |
</noinclude> Jeltje van der Werf (Feanwâlden, 29 jannewaris 1852 – Feanwâldsterwâl, 6 desimber 1934) wie in Fryske koartebaanrydster.
Se ried har earste wedstriid yn 1870 yn Dokkum. Har earste wedstriid wûn se yn 1871 yn Aldtsjerk. In wike letter wûn se yndividueel yn Aldtsjerk en op 'en nij yn Ljouwert. Se hat dêrnei noch ferskate wedstriden wûn. Doe't se 24 wie, waard se de fluchste frou neamd. Yn dy snuorje troude se ek. Mar tweintich wiken nei it houlik ferstoar har man. As widdo wûn se mear as tûzen gûne oan prizejild en in pear prestizjeuze wedstriden.
Van der Werf boaske fannijs yn 1887 oan Auke Bosma. It pear krige in soan en in dochter.
Se die noch mei doe't hja 43 jier en al beppe wie. Se wenne yn dy tiid yn Feanwâlden. Doe't sy 60 jier wie, foel se by it reedriden. De blessuere wie earnstich en se moast in jier lang mei in stôk rinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|