Jenny Poussin (Montreal, 19 july 1989),[1][2][3] is in Kanadeesk glamour-, bikiny-, fitness- en neakenmodel en softcore-pornoaktrise fan Kebekaansk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en kupmaat 32DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Jenny Poussin
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jenny Poussin
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 19 july 1989
berteplak Montreal (Kebek)
etnisiteit Kebekaansk
wurkpaad
wurksum as fotomodel, neakenmodel
lesbysk softcore-pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.jennypoussinvip.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Poussin waard yn 1989 berne yn 'e metropoal Montreal, yn 'e Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek. (Ien boarne, de Internet Movie Database, jout sawol 1982 as 1985 as har bertejier, mar dat liket in fersin te wêzen, mei't alle oare boarnen 1989 oanhâlde.) Sûnt 2006, doe't se 17 jier wie, is Poussin aktyf as glamourmodel en letter ek as fitnessmodel en bikinymodel.

Yn novimber 2011 stie Poussin as Playmate yn 'e ynternasjonale edysje fan it neakenblêd Playboy, en se hat ek te bewûnderjen west yn oare neaken- en glamourblêden, wêrûnder American Curves, Planet Muscle, Summum, EasyRiders, Picture Australia, Esquire, Maxim, FHM en de jierlikse baaikleanedysje fan it sporttydskrift Sports Illustrated. Fierders is Poussin it offisjele model foar de Naughty Sexxy-linzjeryline fan it merk Bodyzone Apparel.

Njonken har modellewurk hat Poussin ek ferskate lytse roltsjes as mainstream-aktrise hân, yn 'e film Recon 23: The Gauda Prime Conspiracy (2009), in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje E-Rotic fan 'e stjoerder Playboy TV (2009), en de film Pathfinder (2016). Fierders wie se ek neaken te sjen yn 'e fideo Actiongirls.com, Volume 5 (2008). Poussin hat ek pornografysk wurk dien foar fotoreportaazjes, al hat hja dat oant safier beheind ta masturbaasje en lesbyske sêfte pornografy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens fan Jenny Poussin op FreeOnes
  2. Profyl fan Jenny Poussin op ModelMayhem
  3. Biografyske gegevens fan Jenny Poussin op FreeOnes