Jimmy Carl Black
Jimmy Carl Black (wiere namme: James Carl Inkanish jr.; El Paso (Teksas), 1 febrewaris 1938 – Siegsdorf (Dútslân), 1 novimber 2008) wie in Amerikaansk sjonger en drummer fan etnysk Yndiaansk komôf. Hy wie hast fyftich jier aktyf yn 'e Amerikaanske muzykyndustry, en waard it bekendst as lid fan 'e band The Mothers of Invention, mei Frank Zappa. Fanôf 1993 wenne en wurke er yn Jeropa. Hy ferstoar mei santich jier oan longkanker.
Jimmy Carl Black | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Carl Inkanish jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 febrewaris 1938 | |
berteplak | El Paso (Teksas) | |
stoarn | 1 novimber 2008 | |
stjerplak | Siegsdorf (Dútslân) | |
etnisiteit | Súdlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | rock, R&B | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | drumstel | |
jierren aktyf | 1959 – 2008 | |
offisjele webside | ||
www.jimmycarlblack.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en komôf
bewurkje seksjeBlack waard yn 1938 berne yn El Paso, yn 'e steat Teksas. Hy wie fan mingd Yndiaansk komôf, mar foar it grutste part Sjajinne.
Muzykkarriêre
bewurkje seksjeBlack sette yn 1959 útein mei syn muzykkarriêre as lid fan 'e band Them 3 Guys. Neitiid spile er yn ferskate bands, wêrûnder de The Keys, The Squires en Soul Giants, foar't er fan 1965 oant 1969 bekendheid krige as de oarspronklike drummer fan The Mothers of Invention, mei sjonger Frank Zappa. Neitiid wurke Black mei oan Zappa syn film 200 Motels, út 1971, en ferrjochte er ferskate gastoptredens mei Zappa yn 1975 en 1980. Ek wurke er as sjonger mei oan Zappa syn album You Are What You Is, út 1981.
Fan 1969 oant 1973 wie Black lid fan 'e band Geronimo Black, dy't er sels oprjochte hie mei in oar âld-lid fan The Mothers of Invention, Bunk Gardner. Yn 1975 wied er ûnder de artystenamme Indian Ink aktyf as drummer foar Captain Beefheart & the Magic Band. Begjin jierren tachtich treden Black, Gardner en Don Preston op ûnder de namme The Grandmothers, in ferwizing nei harsels as âlder wurdende âld-leden fan The Mothers of Invention. Oare bands dêr't Black yn 'e tachtiger jierren foar spile, wiene û.m. Captain Glasspack & His Magic Mufflers (1982-1983) en Jimmy Carl Black and the Mannish Boys (1985-1988). Teffens trede Black op mei de Ingelske sjonger Arthur Brown, mei wa't er yn 'e kunde kaam doe't er ferhuze nei de Teksaanske haadstêd Austin. It duo naam ek in R&B-plaat op, mei as titel Black, Brown and Blue.
Yn 1993 ferfear Black nei Jeropa, dêr't er The Grandmothers op 'e nij oprjochte mei Gardner en Preston, mar no ek mei de Nederlânske basgitarist Ener Bladezipper (skûlnamme fan René Mesritz) en de Italjaanske gitarist Sandro Olivia. Yn Jeropa trede Black ek op as gastsjonger mei de Muffin Men, in Frank Zappa-tribute band út Liverpool. Fierders wurke er mei Jon Larsen gear oan it surreälistyske Strange News from Mars-projekt, dêr't ek ferskate oare âld-bandleden fan Zappa oan meidiene, lykas Tommy Mars, Bruce Fowler en Arthur Barrow.
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn augustus 2008 waard by Black longkanker fêststeld. Hy stoar kwealk in fearnsjier letter, op 1 novimber 2008, yn 'e âlderdom fan santich jier, yn it Dútske Siegsdorf. Black wie troud mei syn frou Monika Black, en hie trije soannen en twa dochters.
Yn 'e media
bewurkje seksjeIn jier foar Black syn dea waard de autobiografyske audioproduksje The Jimmy Carl Black Story opnommen, mei Jon Larsen as produsint. Yn 2013 waard yn Dútslân de dokumintêre Where's the Beer and When Do We Get Paid? oer Black makke. Black syn autobiografy ferskynde postúm op 1 novimber 2013, persiis fiif jier nei syn dea. Hoewol't dit wurk by syn ferstjerren ûnfoltôge wie, waard it letter ôfmakke troch knip- en plakwurk út Black syn eigenskreaune biografy op syn webside en út ferskate fraachpetearen mei him.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Jimmy Carl Black
- (in) Komplete diskografy fan Jimmy Carl Black op 'e korrespondearjende side fan 'e Ingelske Wikipedy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|