Johan Zuidema
Johan Zuidema (De Westereen, 21 septimber 1948) is in Frysk âld-proffuotballer. Hy spile de measte fan syn wedstriden as oanfaller, mar hat oan de ein fan syn karriêre ek as ferdigener fuotballe.
Fuotbalkarriêre
bewurkje seksjeZuidema begûn mei fuotbaljen by de amateurs fan Fuotbalferiening De Westerein. Yn juny 1969 gie hy nei Cambuur Ljouwert ta, wêr't hy oant it seizoen 1972/1973 fuotbaljen bleaun. Yn dat jier wienen de prestaasjes fan Zuidema, dy't dat jier 25 doelpunten makke yn de kompetysje, ek by profklups út de Earste difyzje opfallen. Sa hienen MVV en FK Twinte ynteresse yn de spiler. Uteinlik makke Zuidema de kar foar Twinte, wêr't hy René van der Kerkhof opfolgje moast.
By FK Twinte makke Zuidema in bêste perioade troch. Yn syn earste jier by Twinte waard de klup twadde yn de Earedifyzje. In seizoen letter, 1974/1975, behelle hy mei de ploech it tredde plak yn de kompetysje, en waard yn de UEFA Kup de finale helle neidat ûnder oare it Italjaanske Juventus ferslein waard. Yn de útwedstriid mei Juventus makke Zuidema it ienichste doelpunt fan de wedstriid wêrtroch Twinte de finale fan it toernoai helle. Uteinlik waard de finale wol ferlern fan Borussia Mönchengladbach.
Nei dat seizoen wiksele Zuidema fan klup. Neidat hy in staazje dien hie by Hertha BSC yn Dútslân luts hy nei NEC út Nymwegen, dat doe krekt nei de Earedifyzje promovearre wie. Dêr koe hy syn kwaliteiten net goed sjen litte, yn ien seizoen makke hy mar trije doelpunten. Ek rekke hy yn konflikt mei de NEC-spiler Jan Peters en syn trener Piet de Visser. Yn de simmer fan 1976 gie Zuidema dan ek fuort, AFC Ajax waard syn nije klup. By Ajax kaam hy net yn de oanfal te spyljen, mar waard hy as ferdigener brûkt. Zuidema behelle mei Ajax yn syn earste jier it Lânkampioenskip fan Nederlân. Nei syn twadde jier kaam Zuidema net mear oan fuotbaljen ta, omdat syn knibbel fersliten rekke wie. Yn 1979 waard hy ôfkeurd foar it betelle fuotbal.
Klups
bewurkje seksje- 1969/1973 SK Cambuur Ljouwert
- 1973/1975 FK Twinte
- 1975/1976 NEC
- 1976/1978 AFC Ajax
Ynterlannen
bewurkje seksjeZuidema hat trije kear in útnûging krigen foar it Nederlânske alvetal, hy hat twa ynterlannen spile. De earste wie op 30 april 1975, tsjin Belgje. De twadde wedstriid hat hy spile op 17 maaie 1975, tsjin West-Dútslân.
Nei it fuotbal
bewurkje seksjeNeidat Zuidema stoppe wie as betelle fuotballer waard hy trener fan de jeugd by Cambuur en hat hy de skouting fan dy klup fersoarge.
Tsjintwurdich is hy bankdirekteur fan it filiaal fan de Friesland Bank yn Bûtenpost.