Johann Georg van Caspel
Johann Georg van Caspel (Ootmarsum, 2 maaie 1870 - Utert, 6 febrewaris 1928) wie in Nederlânsk keunstner en arsjitekt.
Wurkpaad
bewurkje seksjeVan Caspel die yn 1889 talittingseksamen oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Dêrnei kaam er op it atelier fan syn learmaster Maurits van der Valk (1857-1935). Nei in stikmannich jierren figuer- en portretskilder west te hawwen, kaam er yn kontakt mei drukkerij Amand yn Amsterdam. Yn de neikommende jierren soe er in tal affysjes maken foar dy firma. Ek wie er boekbânûntwerper en ûntwurp er kalinders en reklamefolders.
Yn 1903 festige Van Caspel him yn Laren en frege dêr tastimming foar it bouwen fan in troch himsels ûntwurpen bûtenpleats. It wie it begjin fan it ûntwerpen en bouwe litten fan tritich bûtenpleatsen en filla's in it Goai. Syn boustyl wie ynspirearre troch de ferneamde arsjitekt Karel de Bazel.
Van Caspel yllustrearre in tal printeboeken, û.o. yn 1898 De schoone slaapster in het bosch. Een sprookje van Moeder de Gans[1] nei Charles Perrault, in grut formaat printeboek mei fraaie Jugendstil-eleminten. Om 1924 yllustrearre er de rige Sprookjes uit verre landen op lyts oblongformaat. Hy ûnderteke syn wurk mei Van Caspel of de inisjalen VC yn in sirkel.
Foarbylden fan syn grafysk wurk
bewurkje seksje-
Affysje foar de Hollandsche Revue, 1910
-
Affysje foar Ivens & Co.
-
Affysje foar Van Houten
-
W. Hoogenstraaten & Co
-
Holländischer Cacao
-
Soppen en Sauzen
-
De Week
Literatuer
bewurkje seksje- Alston W. Purvis: Dutch graphic design, 1918–1945. Amsterdam, Van Nostrand Reinhold, 1992, s. 14, ISBN 0442004443
- Alain Weill: Les Maîtres de l'affiche 1900. Bibliothèque de l'Image, 2001 ISBN 9782909808666
- Peter van Dam & Pim Reinders: Johann Georg van Caspel Affichekunstenaar (1870–1928). Stedsútjouwerij Amsterdam, 1990, ISBN 9789062740482
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johann Georg van Caspel fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|