Johannes Hilarides
Johannes Hilarides (Ljouwert, ±1648 - Boalsert, 18 july 1726) wie in klassikus.
Johannes Hilarides waard op 14 maaie 1649 yn Ljouwert doopt. Oer syn komôf en earste jierren is neat bekend, hoewol't Wopke Eekhoff in ferbân lei mei de skipstimmerman fan Drylts, Hylke Benedictus, dy 't him nei de dea fan syn frou mei syn trije âldste soannen yn Ljouwert fêstige. Singelier is grif dat Johannes Hilarides op 24 maaie 1668 yn it register fan de Akademy fan Frjentsjer ynskreaun wurdt as kommend fan Drylts, hoewol 't hy ek letter syn ôfkomst út Ljouwert ynstee fan Drylts befêstigjen bliuwt. Hy studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer, arbeide oan de Latynske skoallen yn Frjentsjer, Hylpen, Dokkum en Boalsert.
Hylpen
bewurkje seksjeNei syn stúdzje yn Frjentsjer waard Johannes Hilarides koarte tiid learaar (praeceptor) oan de Latynske skoalle fan Hylpen, oant hy yn 1671 syn broer Nicolaus Hilarides as rektor opfolgje kin. Mooglik hat dizze broer Nicolaus Hilarides de werklike skriuwer fan de Boeren Almananakken, de Hindelooper Zee-Almanak en It aade Friesche terp west en hat Johannes Hilarides dy syn teksten nei syn dea yn 1675 printe litten. Sels hat Johannes Hilarides mear belangstelling foar de taal fan de Hylpers. Yn Hylpen is hy troud en hat hy in dochter Aeltie (1675) krigen.
Dokkum
bewurkje seksjeOp 13 febrewaris 1681 waard Johannes Hilarides beneamd as konrektor oan de latynske skoalle yn Dokkum. Op 7 maaie 1682 trout Johannes Hilarides yn Dokkum mei Nieske Pijtters, berne yn 1650 yn Ljouwert, dochter fan "burger ende scheijdmaecker binnen Doccum" teffens "schuitmaker" Pieter Freercx en syn frou Corneliske Cornelisdochter, beide fan Dokkum. Mei Nieske Pijtters krigt Johannes Hilarides yn Dokkum seis bern: Jetske (1682), Corneliske (1685 – 1691), Nicolaus (1686), Hilkia (1688), Corneliske II (1691) en Pijtter of Petrus (1695).
Neist syn wurk as konrektor fan de Latynske skoalle fêstiget Hilarides him yn 1694/1695 as útjouwer, printer en boekhanneler yn de Hoochstrjitte yn Dokkum. Boppedat set hy him oan it oersetten fan Nepos (1686) en de Fabels fan Aesopus yn de ferzje fan Phaedrus. Hilarides wie in iepenhertich en striidlustich mei in eigen miening. Dêrtroch rôp er noch alris ferset op. Syn boekhannel en syn oersetwurk soargje beide foar ophef. Syn oersetting fan de Fabels fan Phaedrus waard troch fakgenoaten ôfdien as broddelwurk. Hilarides wist in soad en hâlde fan de polemyk. Hy wie in geastessibbe fan Balthasar Bekker.Der ûntstiet yn 1694 in rel yn Dokkum oer it úthingboerd dat Johannes Hilarides oan syn boekhannel hat. Oan de iene kant fan it boerd stiet de bibel en oan de oare kant it ferdjerlik achte lanterlu-kaartspul, sadat hy dy kant fan it úthingboerd mei in matte ôfdekke moat. Hy reagearret op de ophef troch oan de twadde printinge fan de oersetting fan de Fabels fan Phaedrus in stikelskrift ta te heakjen: "Ujthangbord van Johannes Hilarides als Burger en Boekverkooper in de Hoochstraat te Dokkum, alwaar het caartspel en ergernisse bejde ten toon staan". It kwea is dan lykwols al bard.
Boalsert
bewurkje seksjeYn 1699 waard Johannes Hilarides weipromovearre ta rektor fan de Latynske skoalle yn Boalsert, mar ek hjir bliuwe der konflikten. De toan waard setten yn syn ynaugurele rede by it oangean fan syn wurk as rektor. Dy giet oer de troch Johannes Hilarides yn neifolging fan Jan Amos Komensky needsaaklik achte fernijing fan it taalûnderwiis. Syn grutste opponint waard dûmny Jacobus Steenwijk, dy't Johannes Hilarides yn 1703 yn in brief betichtet fan 600 misslaggen yn de oersettings fan Cornelius Nepos en Phaedrus. At Johannes Hilarides yn 1705 syn Nieuwe Taalgronden en yn 1708 syn Naader Ontdekkingen van Nieuwe Taalgronden oer it brûken fan geslachten, nammefallen en lidwurden publisearret, levert hi dat de bynamme "botterik van Friesland" op. De destiidske reakssjes dogge net ûnder foar de ophef oer hjoeddeiske herfoarming fan de stavering. Dêrnei waard it stil om Johannes Hilarides oant hy yn 1726 ferstjert en syn frou Nieske by harren soan op De Jouwer ynlûkt.
De opfiedkundige tinkbylden fan Comenius hiene in protte ynfloed op Hilarides. Hy krige in protte krityk te fernearen op syn histoaryske en taalkundige opfettings. Yn de 20e iuw waard der lykwols wer mylder oer oardield. Syn histoaryske krityk gie de apokrive kant út.
Wurk
bewurkje seksjeHilarides sette it Onze Vader yn Fryske dialekten oer tekene kaarten fan Fryslân en Molkwar, de lêste mei toponimen yn it pleatslik dialekt.
Yn it Hylpersk
bewurkje seksje- 1678 - "Hynjlipper Semansalmanak voor 1679" in Litje Krunnijk
- 1679 - Hijnlepre Seemans-Almenak Op It 1679 Jeer...
- 1679 - Litje Krunnijk: Der Dingen/fan aalde tijden yn staane...
Gelegenheidsgedichten
bewurkje seksje- 1669 - Quid faciam dubito ! Sileamne ? An scribere carmen... Lykdicht
- 1669 - Hoe zyt gi dus ontsteld ? Hoe zyt gi dus ontroerd ? Lykdicht
- 1669 - Ad eundem
- 1669 - "Honori ejusdem..." yn: Carmina fenebria in immaturum obitum D. Ennonis Meenardi Hajenga Lykdicht
- 1669 - Twee lijkdichten ta eare fan Anna Cloppenburch, frou fan syn learmaster Johannes Wubbena
- 1670 - Justa funebria in obitum ejusdem... Lofdicht op Abraham Steindam
- 1673 - "O mihi Thesea Jane probata fide", yn: Ernesti Baders Leovardiensis Juvenilium Poematum Libellus
- 1678 - "Een ander op de zelvde stoffe. Joonas spreekt", yn Bartholdus Wiarda, Jonau Exodus...., Frjentsjer.
- 1678 - "Nomini & Famae...", in: E. Baders, Camaenae juveniles. Lofdicht
- 1684 - Elegia sermonem instituit ad Paginam seu Papyrum.
- 1687 - Koe d' aade Roomer taal, in Kreekken rijmleryje Byskrift by in portret fan Gysbert Japixc. Undertekene: "For ‘t ljuecht helle trog Joh: Hilarides"
- 1691 - Eer en deugd Van De Duivel Mei bydragen fan Johannes Hilarides.
- 1691 - Verscheyde Gedichten, So voor, als tegen het Boek, genaamt: de Betoverde Weereld.
- 1692 - Ferfolch op Verscheyde Gedichten út 1691.
- 1692 - Tweederleye Gebet.
- 1692 - Naaklang Van de Onkonstige Echo.
- 1692 - Dichtmaat. Yn eigen behear útjûn.
- 1696 - Voorbeeld van Neerstighejt..., in medysk boek, mei in fers fan Johannes Hilarides.
- 1696 - Het Protestantse heyl.
Oersettingen
bewurkje seksje- 1686 - Cornelis Nepos, Van ‘t leeven der doorluchtige Veld-ooversten, Ljouwert 1686.
- 1694 - Phaedrus, Esopische vertellingen in Nederd. Dichte vertaald, Ljouwert 1694. Yn 1695 werprinte mei der oan taheakke in stikeldicht op it úthingboerd fan syn boekhannel.
Taalkunde, taalûnderwiis
bewurkje seksje- 1677 - It aade Fryske Terp (oan him taskreaun, net hielendal wis)
- Naamsporingen van het Platte Fries; zijnde de Oude Friesche Landstale: in de Oorsprongen opgezocht, ensafh.
- 1699 - Oratio Inauguralis de Methode docendi linguas - paradoxotate. Frjentsjer 1699.
- 1702 - De epistola faceta Jacobi Steenwijkii, pastorculi dicacissimi, adversus Johannem Hilaridem scholæ Bolswerdianæ rectorem, : elegantioris fabulæ prodomus
- 1705 - Nieuwe taalgronden der Nederdujtsche taal; weegens het gebrujk der voorleedekens de, den: die; deeze, dit dat, het; en de Neederlantsche woordrekkinge. Frjentsjer, J. Horreus, 1705.
- 1708 - Naader Ontdekkingen van Nieuwe Taalgronden der Neederd. Taal weegens het gebrujk der voorleedekens, en de Neederl. Woordrekkinge, Frjentsjer 1708
- 1722 - Mysterium docendi Latinum...., Ljouwert 1722
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|