John Henri uit den Bogaard

John Henri uit den Bogaard (Swol, 10 juny 1911Heelsum, 26 maaie 1993) wie in Nederlânsk ûnderwizer, fotograaf en de auteur fan Swiebertje.

John Henri uit den Bogaard
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Henri uit den Bogaard
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 juny 1911
berteplak Swol
stoarn 26 maaie 1993
stjerplak Heelsum
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Swiebertje
útjouwer Uitgeverij Kluitman Alkmaar
jierren aktyf 1936-1993

Hy ferhuze al jong fan Swol nei Arnhim, dêr't er syn jonkheid fierder trochbrocht. Yn Utert gie er nei de kweekskoalle en moete er syn takomstige frou. Nei harren trouwen festigen se harren yn Loenen aan de Vecht. It pear krige twa dochters. De âldste dochter soe letter bekend wurde as de yllustratrise Marjolein Bastin.

Uit den Boogaart syn earste boek oer Swiebertje ferskynde al yn 1936. Yn 1955 stjoerde de NCRV Swiebertje yn twa telefyzjeprogramma's út en yn 1961 waard Swiebertje in searje op himsels. John uit den Bogaard soe op it idee fan Swiebertje kaam wêze nei it besjen fan in yllustraasje fan in swalker tekene troch Tjeerd Bottema.

Njonken de Swiebertjerige hat er ferskate oare berneboeken útjûn, bygelyks Bennie op de Boerderij, Boer Dikneus en Wim.

Nei't Swiebertje dien wie, skreau er noch oare telefyzje-spullen lykas Pommetje Horlepiep en Hotel de Witte Raaf.

Yn 1953 waard er einredakteur fan de NCRV-gids en letter fan it tydskrift Ouders van Nu.

John uit den Bogaard waard benei 82 jier en kaam te hôf yn Heelsum yn Gelderlân.

Telefyzjebiografy bewurkje seksje

  • Swiebertje
  • Pommetje Horlepiep
  • Hotel de Witte Raaf

Bibliografy bewurkje seksje

Swiebertje-rige
  • De avonturen van Swiebertje : de landloper, die burgemeester, en een burgemeester, die landloper werd, Bogaard, J.H. uit den / 1e dr / Kluitman / 1936
  • Swiebertje en het dorpsfeest, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1937
  • Swiebertje wordt geholpen, Bogaard, J.H. uit den / Gebr. Kluitman / 1937
  • Swiebertje als woonwagenklant, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1937
  • Swiebertje-serie, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 194X
  • Swiebertje en de ijspret, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1959
  • Baron Swiebertje ; Dl. 1: Freule Nicolien. Dl. 2: Dromen zijn bedrog. Dl. 3: De baron komt thuis, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1961-1962
  • Pas op, Swiebertje, Bogaard, John uit den / Kluitman / 1963
  • Swiebertje als woonwagenklant, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1964
  • De avonturen van Swiebertje : honderd zilveren dubbeltjes, Bogaard, J.H. uit den / 196x
  • Swiebertje en de vreemdelingen ; Dl. I: Alles draait om Saartje. Dl. II: Huishoudster op zicht. Dl. III: Luie Loodje in last, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1964
  • Bravo, Swiebertje! ; Dl. 1: Pas op voor bolhoeden. [Dl.2]: Allemaal smoesjes. [Dl.3]: Bruidsboeket en boerendans, Bogaard, J.H. uit den / Kluitman / 1965-1966
  • Hiep, hiep voor swiep! Swiep, de tijgerjager / 19xx
  • Hiep, hiep voor swiep! Allemaal anders, allemaal eender! / 1966
  • De vogelverschrikker, Bogaard, J.H. uit den / John Moir / 1968
  • Swiebertje, Bogaard, J.H. uit den / John Moir / 1968
  • Swiebertje op bezoek bij Nicolien, Boogaard, John uit den / Kluitman / 1968
  • Pas op je tellen, Swiep!, Bogaard, John uit den / Zomer & Keuning / 1968
  • Met Brom door dik en dun, Bogaard, John uit den / Zomer & Keuning / 1969
  • Swiebertje bij Saartje in de keuken, Bogaard, John uit den / Kluitman / 19xx
  • Swiebertje leert Saartje fietsen, Bogaard, John uit den / Kluitman / 1970
  • Swiebertje krijgt een huis, Bogaard, John uit den / Kluitman / 197x
  • Met Swiebertje op stap, Bogaard, John uit den / Kluitman / 1974
Pommetje-rige
  • Pommetje Horlepiep, Bogaard, John uit den / Kluitman Alkmaar / 1978
  • Pommetje krijgt een baantje, Bogaard, John uit den / Kluitman Alkmaar / 1979
  • Red je er maar uit Pommetje, Bogaard, John uit den / Kluitman Alkmaar / 1979
  • Groot nieuws voor Pommetje, Bogaard, John uit den / Kluitman Alkmaar / 1980
  • Pommetje heeft pech..., Bogaard, John uit den / Kluitman Alkmaar / 1982
Oare boeken
  • Van boer Dikneus : de blinkende guldentjes en een grote kaas / troch J.H. uit den Bogaard ; tekeningen [en omslach] fan Hans Borrebach/ 1936
  • Wim, J.H. uit den Bogaard ; yll. troch C. Leeflang-Oudenaarden,, om 1940
  • De vogelverschrikker, Bogaard, J.H. uit den / John Moir / 1968
  • Het voorleesboek van Hops, Bogaard, John uit den / Kosmos / 1976