Jonathan Cape (útjouwerij)

Jonathan Cape is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn Londen. It bedriuw waard yn 1921 oprjochte troch útjouwer Jonathan Cape, dy't it nei himsels ferneamde. Fral yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw hie de útjouwerij in poerbêste reputaasje om 'e hege kwaliteit fan 'e boeken dy't der útjûn wiene. Dêrûnder wiene wurken fan auteurs as James Joyce, Ian Fleming en T.E. Lawrence. Nei it ferstjerren fan 'e stifter fúzjearre Jonathan Cape mei trije oare Londenske útjouwerijen efterinoar, oant it yn 1987 oernommen waard troch Random House.

Jonathan Cape
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1921
oprjochter Jonathan Cape
eigner Bertelsmann AG
mem Random House
offisjele webside
www.vintage-book.co.uk/about-us/jonathan-cape

Skiednis bewurkje seksje

Jonathan Cape waard yn 1921 oprjochte troch de Ingelske útjouwer Jonathan Cape (1879-1960) en dy syn sakepartner Wren Howard, yn in gebou oan 11 Glower Street yn 'e Londenske wyk Bloomsbury. Cape hie ûnderfining yn it útjouwersfak, wylst Howard him talei op 'e hege kwaliteit fan 'e omslaggen en it drukwurk. Hja namen as boekeredakteur en korrektor Edward Garnett oan, in man mei in protte ûnderfining dy't yn 'e Ingelske útjouwerijsektor op in treflike namme lei. Dyselde bleau by Jonathan Cape oant syn dea yn 1937 en holp de útjouwerij op gong troch in fûnskatalogus op te bouwen dêr't oare útjouwers inkeld fan dreame koene.

De earste publikaasje fan Jonathan Cape waard rûnom beskôge as in gok: in nije, djoere, twadielige útjefte fan it reisferhaal Travels in Arabia Deserta, fan C.M. Doughty. Dat boek wie oarspronklik sûnder súkses yn 1888 útjûn en wie al mear as tritich jier net mear leverber. De edysje fan Jonathan Cape sloech lykwols yn as in bom, en moast ferskate kearen werprinte wurde. Under de bewûnderders wie T.E. Lawrence, better bekend as 'Lawrence of Arabia', dy't foar in nije, iendielige edysje fan it boek yn 1926 in wurd foarôf skreau. Jonathan Cape waard neitiid de útjouwerij fan Lawrence, dy't der Revolt in the Desert (1927), Seven Pillars of Wisdom (1935) en The Mint (1955) útbrocht.

Yn 1922 naam Jonathan Cape de lytse útjouwerij A.C. Fifield oer mei ynbegryp fan 'e fûnskatalogus fan dat bedriuw. Dêrtroch krige Jonathan Cape de rjochten yn 'e hannen fan wurken fan skriuwers as H.G. Wells, W.H. Davies, Sidney Webb en Samuel Butler. Jonathan Cape wie ek ien fan 'e earste Britske útjouwerijen dy't aktyf besocht om wurk fan Amerikaanske auteurs út te jaan. Sa rekrutearre it bedriuw trije Amerikaanske winners fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer: Sinclair Lewis, Ernest Hemingway en Eugene O'Neill, en fierders skriuwers as H.L. Mencken, Robert Frost en Margaret Mead. Dêrnjonken publisearre Jonathan Cape wurk fan Jeropeeske auteurs as H.E. Bates, Peter Fleming, Robert Graves, Christopher Isherwood, James Joyce, Malcolm Lowry, André Maurois en Henry Williamson. Bestsellers wiene de aventoereromans fan Arthur Ransome, de Doctor Dolittle-ferhalen fan Hugh Lofting en de James Bond-searje fan Ian Fleming.

Yn 1929 iepene Jonathan Cape in Amerikaanske dochterûndernimming, oarspronklik yn partnerskip mei Harrison Smith, en letter mei Robert Ballou. Mar yn 'e Feriene Steaten krige it Britske bedriuw gjin foet oan 'e grûn, en de dochterûndernimming waard yn 1932 opdoekt. Utjouwer Cape bleau oant syn ferstjerren yn 1960 oan it haad fan Jonathan Cape stean, ek al krige er yn 1954 oant twaris ta in oerhaal, mei as gefolch dat er doe op 'e nij leare moast om te praten.

Nei syn dea publisearre Jonathan Cape yn 'e 1960-er jierren wurk fan progressive skriuwers as de Beatle John Lennon en de eardere angry young man Kingsley Amis. Fierders joech de útjouwerij yn deselde snuorje ek de hurde, reälistyske spionaazjeromans fan Len Deighton út, dy't skril ôfstieken by de fantasijrike aventoeren fan James Bond. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren brocht Jonathan Cape boeken út fan romanskriuwers as J.G. Ballard en Salman Rushdie en fan berneboekeskriuwer Roald Dahl.

Yn 1969 wie Jonathan Cape twongen ta in definsive fúzje mei konkurrint Chatto and Windus om net sels oernommen te wurden. Letter folgen nije fúzjes mei The Bodley Head en Virago Press. Yn 1987 waard Jonathan Cape úteinlik dochs sels oernommen troch Random House. De namme fan 'e útjouwerij is anno 2018 noch altyd by Random House yn it Feriene Keninkryk yn gebrûk as ymprint.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.