T.E. Lawrence (folút: Thomas Edward Lawrence; Tremadog (Wales), 16 augustus 1888Clouds Hill (Ingelân), 19 maaie 1935) wie in Britsk proazaskriuwer, archeolooch en militêr. Hy waard ferneamd ûnder de namme Lawrence of Arabia.

Thomas Edward Lawrence
Lawrence yn Rabigh, benoarden Jeddah, 1917

Libben bewurkje seksje

Lawrence wie in legindarysk persoan út de Earste Wrâldkriich. Meidat er in soad niget hie oan de Midsiuwen, de Krústochten en de ridderromantyk, reizge Lawrence 1909 foar it earst nei it Midden-Easten en learde dêr it Arabysk. By it útbrekken fan de oarloch yn 1914, wie er oan it wurk as archeolooch yn Karkemisj, yn it suden fan it Turkije fan no. Lykas in soad Britten yn dy tiid naam er tsjinst yn it leger.

Hy waard offisier by de Britske ynljochtingestjinst yn Egypte en waard ferbiningsoffisier tusken it alliearde leger en it doetiids noch losse stammeferbân yn de krite fan de Hidjaz (no Saûdy-Araabje). It wie de bedoeling om de Dútsk-Ottomaanske alliânsje ûnder druk te setten troch in nij front yn it Midden-Easten te iepenjen, rjochting it Ottomaanske Ryk.

It slagge him en helje Hoessein ibn Ali, de sjaryf fan Mekka, oer om oan Britske kant tsjin de Ottomanen te fjochtsjen. Sa koe ûnder lieding fan dy syn soan emir Faisal en rieplachte fan Lawrence de Arabyske opstân útbrekke. Lawrence liet sa syn aspiraasjes foar in pan-Arabyske naasje sjen. Hy slagge mei troch syn persoanlikheid grutte Britske stipe te krijen en de Arabieren waarm te meitsjen foar it ûnôfhinklikheidstinken, om it losse stammeferbân ta ien grut guerrillaleger te meitsjen. Dat leger blies it spoar op en ferlamme it Ottomaanske leger, dat folle grutter wie.

Yn 1917 organisearre Lawrence in aksje mei de Arabieren laat fan Auda Abu Tayi (oant dan ta oanhinger fan de Ottomanen) tsjin de strategyske haven fan Akaba. Op 6 july falt Akaba nei in oanfal fan de Arabieren út it ynlân wei.

Lawrence syn operaasjes yn de woastyn einigen yn 1918 mei de ferovering fan Damaskus. Doe't dúdlik waard dat de politike kaarten oars kamen te lizzen gie er ferbittere werom nei Grut-Brittanje; der kaam gjin ûnôfhinklikens foar de Arabieren: efternei ferparten Grut-Brittanje en Frankryk dochs de eardere Ottomaanske kriten yn it Midden-Easten ûnder elkoar. By de fredeskonferinsje yn Parys wie Lawrence adviseur fan emir Faisal. Yn 1921-1922 wie er noch in skoft adviseur fan Winston Churchill, de Britske minister fan Koloanjen. Yn dy jierren reizge er werom nei it Heine Easten om te bemiddeljen by de foarming fan ferkate mandaatgebieten.

 
Lawrence of Arabia wie mâl op Brough Superior-motorfytsen

Nettsjinsteande syn befoardering ta de rang fan kolonel, naam er yn 1922 ûnder de namme John Hume Ross, yn 1923 weromferoare yn T.E. Shaw, as gewoan soldaat wer tsjinst yn it Britske leger by de doe koartlyn oprjochte Royal Air Force (RAF). Mar der kaam te folle publisiteit doe't útkaam dat dé kolonel Lawrence gewoan soldaat wie; hy moast de anonimiteit sykje by it Royal Tank Corps. Hy frege fersakte kearen oan de legerlieding om oerpleatsing nei de RAF en úteinlik waard dat tasein. Foar de RAF wurke er noch in stikmannich jierren yn wat no Pakistan is. Mar fanwege praat yn de media oer spionaazjeaktiviteiten dêre, gie er werom nei Grut-Brittanje. Syn lêste warbere jierren wie er, as ien fan de earsten, dwaande mei ûndersyk nei flugge rêdingsboaten.

Lawrence stoar yn 1935 mei 46 jier, mar in pear wike nei syn pinsjonearring, nei in ûngemak mei syn Brough Superior-motorfyts tichtby syn hûs Clouds Hill yn it Ingelske Moreton (Dorset), dêr't hy ek te hôf brocht waard.

Film bewurkje seksje

Lawrence waard ferneamd neidat de Amerikaanske sjoernalist Lowell Thomas in film mei oarspronklik byldmateriaal ("With Allenby in Palestine and Lawrence in Arabia") oer de Arabyske opstân sjen liet yn teaters yn grut-Brittanje en Amearika. De film "Lawrence of Arabia" fan David Lean út 1962, mei haadrollen foar Peter O'Toole en Omar Sharif, brocht Lawrence werom yn it publike omtinken. De film helle sân Academy Awards, ek ien foar Bêste Film.

Bibliografy (karút) bewurkje seksje

  • Crusader Castles, einskripsje foar de stúdzje skiednis oan de universiteit fan Oxford. Folút: The influence of the Crusades on European Military Architecture to the End of the XIIth Century. (ISBN 0-19-822964-X)
  • Seven Pillars of Wisdom, oer de Arabyske opstân. (ISBN 0-9546418-0-9)
  • The Forest Giant, roman fan Adrien Le Corbeau, oerset út it Frânsk, 1924.
  • The Mint, oer syn tsjinstjierren by de Royal Air Force. (ISBN 0-393-00196-2)
  • The Odyssey of Homer (de Odyssea fan Homerus), syn oersetting út it Gryksk. (ISBN 0-19-506818-1)

Keppelings om utens (in) bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Edward Lawrence fan Wikimedia Commons.