Jonkerslân (wenwyk)
Jonkerslân is in lytse wenwyk oan de noardwestkant fan De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren. De wyk wurdt oan de eastkant begrinze troch de Slachtedyk/Griene Dyk, oan de súdkant troch de Hurddraversdyk, Sewei en de Koaileane en oan de westside de oan de râne fan natoergebiet De Famberhorst de Jonkersfeart. De wyk grinzet mei de Hurddraversdyk oan de wenwyk Blaauwhof. 66% fan de huzen is boud foar it jier 2000.
Jonkerslân | ||
polityk | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
Plak | De Jouwer | |
sifers | ||
ynwennertal | 340 (2017) [1] |
De Jonkersfeart foarme eartiids de grins tusken de gemeentes Haskerlân en Doanjewerstâl. De Jonkersfeart is in saneamde tochtsleat dy 't middels de Jouster Slûs in iepen ferbining hat mei it marregebiet. De sleat fersoarget in diel fan de wetterhúshâlding fan De Jouwer en rint mei in dûker ûnder de Hurddraversdyk troch.[2]
De eardere mafû fan De Jouwer hjitte ek It Jonkerslân. De namme Jonkerslân is mooglik in ferwizing nei lân fan de aadlike famylje Vegelin van Claerbergen dy't eigener wie fan Herema State. Strjitten yn de wyk binne Koaiwei, Omkromte en Boeresingel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wenwiken fan De Jouwer | feroarje |
---|---|
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild |