Heremastate (De Jouwer)

state op De Jouwer
(Trochferwiisd fan Herema State (De Jouwer))

Heremastate, ek Herema State is in state op De Jouwer en wurdt as gemeentehûs fan De Fryske Marren brûkt (earder fan Skarsterlân en dêrfoar fan Haskerlân).

Heremastate
Heremastate
Heremastate begjin 20e iuw

De famyljes Van Oenema, Van Hoytema en letter Uninga hiene hjir al grûn en in hûs. Nei alle gedachten hie Tyepke Onama hjir yn 1466 in stins. In neisiet, Hoyte Uninga fan Hoytema, wie Spaanskgesind en flechte dêrom om 1580 út it gebiet. Yn 1581 joegen de Steaten fan Fryslân dêrom opdracht om de stins ôf te brekken 'ten eynde het selve nyet byden vyandt geoccupeert werde ende daer van een roofnest maecke'. De terreinen bleaune lykwols eigendom fan de famylje Uninga fan Hoytema. Yn 1589 waard de nije Herema State bewenne troch Willem Loadewyk fan Nassau. Hy liet dêr in skâns opsmite tsjin de Spanjerts. Fan dat gebou is ek neat mear oer, troch ferbouwings en sloop yn de 16e en 17e iuw.

Nijbou yn 1624

bewurkje seksje

In pakesizzer fan de flechte, Gerland (†1608), troude mei Wigle Herema (fan Tsjom). Harren pake en beppesizzer Ebele fan Groustins, dy't it goed urf, boude yn 1625 mei hat man Bartold Tjaerda fan Starkenborgh in hûs dat se de namme Herema State joegen. Yn de 17e iuw wie it hearehûs Herema State eigendom fan de famylje Van Baerdt, grytmannen fan Haskerlân, dêr't De Jouwer eartiids it haadplak wie. Yn 1679 waard it koft troch Hessel Vegelin van Claerbergen, de earste grytman fan Haskerlân út dy famylje.

Om 1708 hinne waard it âldste diel fan it gebou ôfbrutsen en ferfongen troch de Grutte of Blauwe Seal. It ynterieur waard koart dêrnei feroare yn de doe moadieuze Loadewyk XIV-styl.

De state is om 1848 hinne ferboud. De middenpartij waard doe ferfongen troch in hege gevel yn neo-klassisistyske styl.

Sanatoarium
 
Sanatoariumôfdieling

Yn dy foarm waard it gebou fan 1910 oant 1921 as sanatoarium foar lijers oan tuberkuloaze brûkt. It Dokkumer kommitee fan de ‘Vereniging tot stichting en instandhouding van Sanatoria voor beginnende borstlijders in Nederland’ die yn 1900 in oprop om in Frysk sanatoarium foar 'boarstlijers' te stiftsjen. De Jouster dokter J.G. Driessen en frou Aurelia Driesen-Vegelin van Claerbergen stelden harren lângoed Herema State fergees beskikber. Yn dy tiid stoaren 600 à 700 minsken oan longtarring. Mei stipe fan de Fryske befolking waard de Fryske feriening ta stifting en eksploitaasje fan in goedkeap Frysk sanatoarium foar begjinnende boarstlijers stichte. It Fryske Sanatoarium moast romte biede oan 50 pasjinten. Der wie ek krityk op de lokaasje Herema State, der soe te folle lawaai wêze en de grûn te wiet. Op 26 augustus 1909 begûn de ferbouwing fan Herema state en op 5 septimber 1910 waard it sanatoarium iepene. Op de foargevel fan Herema State sit in tinkstien mei de spreuk: Hwet Minskemin Stipet, bliuwt ieuwen bistean. Doe't it sanatoarium begjin 1920 te lyts blykte te wêze, waard yn 1921 in nij sanatoarium yn Appelskea yn gebrûk nomd, Beatrixoard. Dêrnei kocht de boargemaster fan Haskerlân, P.J.B. Vegelin van Claerbergen it âlde famyljebesit werom.

Grutte ferbouwing yn 1924

bewurkje seksje

By in ferbouwing yn 1924, nei in ûntwerp fan arsjitekt A. Baart sr., waard hast it hiele gebou sloopt en waard it ferfongen troch in ienfâldige filla. Allinnich de seal út 1700 is yn Loadewyk XIV–styl bewarre bleaun.[1]

De famylje Vegelin van Claerbergen hat hast sûnder ûnderbrekkings wenne op Herema State. Jonkhear Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (1878-1942), boargemaster fan Haskerlân, en syn frou Anna Aurelia Maria Hofstede (1891-1948) wiene de lêste bewenners. Hy wenne der nei in ferbouwing yn 1924 sels wer oant syn dea yn 1942. Hy hie de state yn 1940 ferkocht oan de gemeente Haskerlân, mei it rjocht foar him en syn frou om der wenjen te bliuwen.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de kelder fan de state troch de gemeente al wol brûkt as opslachplak foar de argiven.[2]

Sûnt 1950 waard de state brûkt as gemeentehûs, earst foar de gemeente Haskerlân en nei de gemeentlike weryndieling foar de gemeente Skarsterlân. Foar de state kaam letter in nij gemeentehûs, oplutsen yn nijer boumateriaal.

De Oranjery is yn 1891 boud as winterberging foar de 'oranje planten' fan Heremastate. Yn 1910 skonk de famylje de oranjery oan sanatoarium Beatrixoard, wêrnei't dy brûkt waard as 'sinnelishal' foar tbc-pasjinten. Yn 1908 waard it monumintale pân oanpast foar it Folkssanatoarium. Yn 1997 hat de gemeente de Oranjery ferkocht en waard it ferboud ta Grand Café.

De tún fan Heremastate, it hjoeddeiske park, waard yn de 17e iuw oanlein as de earste step ta de bou fan in monumintale state. Dy gruttere state is der sels lykwols nea kaam. By de oanlis yn Ingelske lânskipsstyl yn de 18e iuw hat de tún in grutte ierden hichte krigen, fan "goed 40 foet". Hjirop stie yn 1786 in simmerhûs mei leaden tek, mei in moai útsicht oer de omkriten. Dit simmerhûs is letter wer ferdwûn, mar de hichte leit noch altiten yn it park. Ek wienen der yn de tún paden mei fruchtbeammen. Yn de earste helte fan de 18e iuw hat Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen der as earste yn Nederlân ierpels plante, dy't doe noch as sierplanten gouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: