Jozef Freinademetz

Jozef Freinademetz, S.V.D. ( (Ladynsk: Ujöp Freinadametz; berne op 15 april 1852 - ferstoarn op 28 jannewaris 1908) wurke as in Ladynske katolike preester en misjonaris yn Sina. Freinademetz waard troch paus Jehannes Paulus II op 5 oktober 2003 hillich ferklearre. Syn Sineeske namme is Shèng Fú Ruòsè (聖福若瑟 / 圣福若瑟).

Jozef Freinademetz
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 15 april 1852
berteplak Badia (Itaalje)
stjerdatum 28 jannewaris 1908
stjerplak Provinsje Shadong (Sina)
hillichferklearring
sillich ferkl. 19 oktober 1975 troch paus Paulus VI
hillich ferkl. 5 oktober 2003 troch paus Jehannes Paulus II
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 29 jannewaris
 
Bertehûs fan Freinademetz

Freinademetz wie it fjirde bern yn in hûshâlding fan 13 bern fan Giovanmattia en Anna Maria Freinademetz. De famylje wenne yn it doarpke Oies by Badia, dat doe yn it greefskip Tirol lei, dat ûnderdiel wie fan it Eastenrykske Keizerryk. Tsjintwurdich leit it yn Itaalje.

Hy studearre teology op it biskoplike seminaarje fan Brixen en waard op 25 july 1875 as preester wijd. Dêrnei waard Freinademetz as kapelaan nei San Martin de Tor stjoerd, net fier fan syn eigen hûs.

 
Josef Freinademetz yn Steyl (1878)

As seminarist wie Freinademetz al ynteresearre yn de ropping fan misjonaris. Hy naam kontakt op mei Arnold Janssen, de stifter fan de kongregaasje Societas Verbi Divini (Selskip fan it Godlike Wurd), better bekend as de Misjonarissen fan Steyl. Mei de goedkarring fan syn âlders en de biskop ferhûze Freinademetz yn augustus 1878 nei Steyl yn Limburch, dêr't er oplaat waard as misjonaris.

Freinademetz soe nea wer syn heitelân werom sjen. Yn maart 1879 gie er tagelyk mei Johann Baptist von Anzer mei it skip op reis nei Hong Kong, dêr't hja fiif wiken letter oankamen en twa jier bleaune.

Oant 1880 hie Freinademetz syn basis op it skiereilân Sai Kung en hy boude yn 1879 in kapel op it eilân Yim Tin Tsai. Yn 1881 waarden hja nei de provinsje Shantung stjoerd, dat doe in ynwennertal fan likernôch 12 miljoen minsken hie, werfan mar 158 dopelingen.

Freinademetz wie tige warber mei it ûnderwizen fan Sineeske leken en preesters. Fan grut belang yn de missy achte Freinademetz de kategismus en dêrom skreau er dy ek yn it Sineesk.

Yn 1898 krige Freinademetz laryngitis en tuberkuloaze. Ek Anzer, dy't yntusken biskop fan de regio woarn wie, waard troffen troch de sykte. Oare preesters oertsjûgen him om nei Japan te gean om better te wurden, mar doe't er werom kaam wied er noch jimmeroan net hielendal better. Doe't Anzer yn 1907 foar in skoft nei Europa moast, waard it bestjoer fan it bisdom oerdroegen oan Freinademetz.

Yn 'e selde tiid briek der tyfus út en Freinademetz holp wer't er koe, oant er sels ek ynfektearre waard. Hy gie werom nei Daijiazhuang yn it distrikt Rencheng fan de stêd Jining yn de provinsje Shandong, dêr't er oan tyfus ferstoar. Hy waard begroeven yn Daijiazhuang by de tolfte staasje fan de krúswei.

Hillichferklearring

bewurkje seksje

Freinademetz waard tagelyk mei de stifter fan de kongregaasje, Arnold Janssen, op 5 oktober 2003 troch paus Jehannes Paulus II hillich ferklearre. Dy deis waard ek Daniel Comboni, de stifter fan de missykongregaasje Combonianen, hillich ferklearre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:Josef Freinademetz