Arnold Janssen (berne yn Goch op 5 novimber 1837 – ferstoarn yn Steyl op 15 jannewaris 1909 ) wie in Dútske preester en misjonaris en stifter fan trije kongregaasjes mei hjoed-de-dei mear as 10.000 leden yn 69 ferskillende lannen.

Arnold Janssen
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 5 novimber 1837
berteplak Goch
stjerdatum 15 jannewaris 1909
stjerplak Steyl
hillichferklearring
sillich ferkl. 19 oktober 1975 troch paus Paulus VI
hillich ferkl. 5 oktober 2003 troch paus Jehannes Paulus II
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 15 jannewaris

Arnold Janssen waard op 19 oktober 1975 troch paus Paulus VI sillich ferklearre. De hillichferklearring folge op 5 oktober 2003 troch paus Jehannes Paulus II. De Roomsk-Katolike Tsjerke fiert syn neitins op 15 jannewaris.

Arnold Janssen waard berne as de twadde fan meiïnoar alve bern yn Goch yn Dútslân, net fier fan de Nederlânske grins. Hy studearre wiskunde en natoerwittenskippen oan de universiteit fan Bonn en letter teology yn Münster. Op 15 augustus 1861 waard Janssen ta preester wijd foar it bisdom Münster. Ynearsten joech er as dosint natoerkunde en kategese op in middelbere skoalle yn Bocholt yn Westfalen, mar syn grutte ideaal wie de missy.

Yn 1872 gie yn Dútslân ûnder rykskânsler Bismarck de saneamde Kulturkampf oan. Dy fûn de ynfloed fan de katolike tsjerke te grut en besocht dy mei in anty-katolike polityk werom te kringen. Ien fan de maatregels fan it regear wie it opheffen fan kleasteroarders en it útsetten fan nonnen en muontsen. Wylst yn dy tiid yn oare lannen sintra ûnstiene foar oplieding ta misjonaris, krige Dútslân dy net. Yn 1873 joech Janssen syn wurk as dosint op om rektor te wurden fan it Ursulinekleaster fan Kempen. Ek sette er útein mei it útjaan fan it moanneblêd Der kleine Herz-Jesu-Bote.

 
Byld fan "De Zaaier" yn Steyl út 1928

Oantrune troch de apostolyske fikaris fan Hongkong naam Janssen dêrnei de foarstap om in missyhûs te realisearjen. Mei de tastimming fan in pear biskoppen sette er útein om jild yn te sammeljen. Tagelyk socht er nei geskikte plakken en dy fûn er flak oer de grins mei Nederlân yn it plakje Steyl tichteby Fenlo yn it bisdom Roermond. Dêr koed er in âlde herberch keapje, dy't op 8 septimber ynwijd waard. Dy datum wurdt ek sjoen as de stifting fan de missykongregaasje, it Gesellschaft des Göttlichen Wortes. It kapittel keas Janssen as generaal-oerste fan de kongregaasje. Yn dat âlde gebou waarden de earste twa misjonarissen oplaat, dy't op 2 maart 1879 nei Sina reizgen. Ien fan har wie de yn Badia berne Jozef Freinademetz, dy't letter tagelyk mei Arnold Janssen hillich ferklearre waard.

In pear moanne letter nei de ynwijing fan it misjonarishûs yn Steyl stifte Janssen ek in printerij. Yn Nederlân joegen de misjonarissen fan Steyl it moanneblêd De Katholieke Missiën út, dat tusken 1874 en 1963 yn in hiel soad katolike hûshâldings lêzen waard. Frijwilligers soargen der foar dat de katolike tiidskriften ek yn 'e Dútsktalige gebieten ferspraat waarden. De printerij waard yn 1925 de status ferliend fan in pauslike printerij.

 
Byld fan Arnold Janssen yn it missymuseum mei ôfbylden fan de missuzen dy't er stifte

It tal studinten woeks en easke al rillegau útwreiding. In soad manlju kamen as frijwilliger te wurkjen yn Steyl, guon dêrfan tsjinnen in libben lang as ambachtslju fan de missy. Sa ûntstie der in selsskip fan bruorren en preesters, alhoewol't dat sa ynearsten net opset wie. Oant 1885 libben hja neffens de rigel fan de Tredde Oarder fan de Dominikanen.

Nei in pear jier tocht Janssen ek nei oer in twadde stifting yn Eastenryk, leafst yn de kontrijen fan Wenen. In keizerlike wet út 1850 ornearre lykwols dat de bestjoerder fan sa'n organisaasje ek de Eastenrykske nasjonaliteit besitte moast. Troch bemiddeling fan in preester ferliende de doetiidske gemeente Goggendorf (tsjintwurdich Sitzendorf an der Schmida) Janssen it Heimatrecht, dy't dêrmei de Eastenrykske nasjonaliteit krige, en sa koe op 14 oktober 1889 it Missyhûs Sankt Gabriel yn Maria Enzersdorf by Mödling súdlik fan Wenen wijd wurde. Yn 1904 stifte Janssen yn Eastenryk it twadde missyhûs Sankt Rupert by Bischofshofen yn de dielsteat Salzburg.

It belangrykste doel fan de yn 1885 stifte kongregaasje wie it ferkundigjen fan it Evangeelje ûnder net-kristenen. Under it grutte tal frijwilligers wiene ek in pear froulju, lykas de letter sillich ferklearre susters Hendrina Stenmanns en Helena Stollenwerk, dy't fral yn de hûshâlding wurken mar eins ek leaver as missysusters tsjinnen. Dêrom stifte Janssen op 8 desimber 1889 de Kongregaasje fan Tsjinstfammen fan de Hillige Geast (Servae Spiritus Sancti, SSpS). De earste missysusters reizgen yn 1895 nei Argentynje ôf.

 
Arnold Janssen op lettere leeftyd

Foar de stifting fan in kontemplatyf staach keas Janssen yn 1896 in pear susters út om de Kongregaasje fan de Hillige Geast fan de Ivige Oanbidding (Servae Spiritus Sancti de Adoratione perpetua, SSpSAP) op te rjochtsjen. Fanwegen harren habyt wurde dy susters yn de folksmûle ek Rôze Susters neamd. Harren missywurk bestiet om as slotsusters de Tsjerke en de missy mei it ivige gebed te stypjen.

De kongregaasjes fan Arnold Janssen krigen oeral yn 'e wrâld hûzen. By it ferstjerren fan pater Janssen wurken der mear as 1.500 preesters, bruorren en susters yn Argentynje, Brazylje, Eastenryk, de Feriene Steaten, de Filipinen, Itaalje, Japan, Papoea Nij-Guineä, Sily en Sina.

Pater Arnold Janssen ferstoar op 15 jannewaris 1909 yn 'e âldens fan 71 jier. Hy waard byset yn de tsjerkhôfkapel fan Steyl, mar krige yn it ramt fan de sillichferklearring yn 1975 in nije grêftombe boppe de flier yn de Sint-Michaeltsjerke fan Steyl. Ek hjoed-de-dei wurdt syn grêf noch in soad troch katoliken besocht.[1]

Sillich- en Hillichferklearring

bewurkje seksje
 
Tombe fan Arnold Janssen yn de benedentsjerke fan de Michaeltsjerke

Pater Arnold Janssen waard tegearre mei ôaren op de Wrâldmissysnein fan 19 oktober 1975 yn Rome troch paus Paulus VI sillichferklearre. Dêrûnder wie ek pater Jozef Freinademetz, ien fan de earste misjonarissen út Steyl yn Sina.

Op 5 oktober 2003 folge de hillichferklearring troch paus Jehannes Paulus II. Ek Jozef Freinademetz en Daniel Comboni, stifter fan in yn Afrika wurkjende kongregaasje, waarden by dy gelegenheid hillich ferklearre.

De dei dat Arnold Janssen betocht wurdt is 15 jannewaris.

Kongregaasjes

bewurkje seksje
 
Slotsusters

Foar de bekearing fan Sina stifte Arnold Janssen de Mienskip fan it Godlik Wurd (Latyn: Societas Verbi Divini, ôfkoarte SVD). Dy kongregaasje stiet bekend as de Missjonarissen fan Steyl en wurke letter net allinne in Sina mar ek yn in soad oare missygebieten.

De twadde kongregaasje dy't er oprjochte wie de Kongregaasjes fan de Missysusters Tsjinstfammen fan de Hillige Geast (Latyn: Servarum Spiritus Sancti, SSpS), ek wol 'Blauwe Susters' of 'Missysusters fan Steyl' neamd.

De tredde kongregaasje is dy fan de Tsjinstfammen fan de Hillige Geast fan de Ivige Oanbidding (Latyn: Congregatio Servarum Spiritus Sancti de Adoratione perpetua (SSpSAP). De slotsusters fan de kongregaasje steane bekend as de Rôze Susters of Oanbidingssusters.

By it fieren fan it sulveren jubileum fan it missyhûs telde it missyhûs fan Steyl 190 susters, 208 preesters, 549 muontsen, 99 teologystudingen en noch 731 learlingen yn ferskillende gradaasjes. Hjoed-de-dei (2023) wurkje mear as 6000 misjonarissen fan it Godlike Wurd út 70 ferskillende lannen yn 69 lannen, 3.500 Tsjinstfammen fan de Hillige Geast wurkje yn 41 lannen en 400 Tsjinstfammen fan de Hillige Geast soargje foar de ivige oanbidding yn 10 lannen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Arnold Janssen