Sint-Taddéuskleaster
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
It Sint-Taddéuskleaster (Armeensk: Սուրբ Թադէոսի վանք - Soerb Tadeosi vank', Azerbeidzjaansk en Farsi : قرهکلیسا - Ghareh keliseh , itjinge Swarte Tsjerke betsjut), is in âld Armeensk kleaster yn 'e Iraanske bercheftige provinsje West-Azerbeidzjan op likernôch 20 km. fan de stêd Maku.
It kleaster en de tsjerke mei de foar Armeenske tsjerken kenmerkende kegelfoarmige koepels is al fan al fan fierrens ôf te sjen.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de tradysje fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke brocht de apostel Judas Taddéus it evangeelje yn Armeenje en Perzje. Taddéus kaam neffens dy tradysje ek yn Armeenje as martler om it libben. De oerlevering wol ha dat op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke al yn it jier 68 nei Kristus foar it earst in oan 'e apostel wijde tsjerke boud waard.
Fan it oarspronklike kleaster bleau net folle oer nei't it troch in ierdskodding yn 1319 op 'e nij boud wurde moast. Guon dielen om de alterapsis datearje noch út de 10e iuw. It grutste part fan it bouwurk datearret lykwols fan 1811, doe't der in grutte renovaasje plak fûn. De tsjerke waard boppedat mei in westlike útwreiding ferlinge.
De tsjerke hat grutte oerienkomsten mei de katedraal fan Edzjmiatsin, de memmetsjerke fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke. De âldste dielen fan 'e tsjerke binne fan swarte en wite stien boud, de 19e iuwske tafoegings dêrfoaroer fan bewurke sânstien.
Yn july 2008 waard it kleaster op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ûnder de namme Armeenske kleasterensembles yn Iran ynskreaun, tegearre mei twa oare Armeenske monuminten yn 'e selde provinsje: it Stefanuskleaster en de kapel fan Dzordzor.
Tsjerketsjinsten
bewurkje seksjeIenris yn it jier wurdt op 'e feestdei fan 'e hillige Taddéus in tsjerketsjinst holden, dy't besocht wurdt troch Armeenjers út Iran en oare lannen.
Apostels Judas Taddéus en Bartoloméus
bewurkje seksjeYn 'e tradysje fan 'e Armeenske Tsjerke reizgen de apostels Judas Taddéus en Bartoloméus yn it jier 45 troch Armeenje om it evangeelje te bringen. In soad minsken bekearden har en der waarden yn it geheim tal fan nije kristlike gemeenten stifte.
In âld ferhaal fertelt dat kening Abgar fan Edessa him troch Taddéus bekeare liet. Nei syn ferstjerren waard it Armeenske Keninkryk yn twa parten ferdield: syn soan Ananun kroande himsels ta kening fan Edessa, wylst syn neef Sanatruk oer Armeenje hearske. Om it jier 65 hinne joech Ananun it befel om de apostel Taddéus te deadzjen. De kening's dochter Sandûcht, dy't ek it kristlike leauwe oanhong, fûn mei Taddéus de martlersdea. Har grêf soe flak by de Swarte Tsjerke lizze.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Apsis
-
Bewurke sânstien
-
It kleaster by nacht
-
Sachariaskapel (tichteby it kleaster)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: op dizze side.
|