Just Another Heartache
Just Another Heartache is in liet fan 'e Amerikaanske sjongster Chely Wright. It heart ta it sjenre fan 'e countrymuzyk.
Just Another Heartache | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Chely Wright | |
album | Let Me In | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | countrymuzyk | |
útbrocht | 29 novimber 1997 | |
doer | 2:41 | |
label | MCA Nashville | |
skriuwer | Ed Hill en Mark D. Sanders | |
komponist | Ed Hill en Mark D. Sanders | |
produsint | Tony Brown | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 39 yn de Feriene Steaten nû. 51 yn Kanada |
Produksje
bewurkje seksjeJust Another Heartache waard skreaun en komponearre troch Ed Hill en Mark D. Sanders, en produsearre troch Tony Brown foar platemaatskippij MCA Nashville. It waard op 29 novimber 1997 útbrocht as de twadde single fan it album Let Me In, nei Shut Up and Drive (1997) en foàr I Already Do (1998).
Ynhâld
bewurkje seksjeJust Another Heartache, dat "neat oars as nij leafdesfertriet" betsjut, hat in doer fan 2:41 minuten en is skreaun yn it ik-perspektyf. De sjongster fertelt dat se in nije freon hat en hopet dat dit de wiere Jakob is. Hja hat lykwols al tefolle teloarstellings op it mêd fan 'e leafde meimakke, en is dêrfandinne skruten om der fol foar te gean. Yn it refrein sjongt se dat se út alle macht hopet dat it net wèr neat oars as nij leafdesfertriet wurde sil.
Hitlisten
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten berikte Just Another Heartache it 39e plak yn 'e countryhitlisten. Yn Kanada kaam it net fierder as it 51e plak.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |