Kalifornyske kalkoen
De Kalifornyske kalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris californica) wie in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kalkoenen (Meleagris). Dizze soarte kalkoen kaam yn it Pleistoseen en it iere Holoseen foar yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en is bekend fan fossilen. Saakkundigen rûze dat de Kalifornyske kalkoen likernôch 10.000 jier lyn útstoarn is.
Kalifornyske kalkoen | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In artistike ympresje fan 'e Kalifornyske kalkoen en syn grutte yn ferhâlding ta de minske. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Meleagris californica | ||||||||||||
Miller, 1909 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Kalifornyske kalkoen wie in fûgel dy't nau besibbe wie oan 'e gewoane kalkoen (Meleagris gallopavo). Hy hie in gnobskere lichemsbou en in koartere, bredere snaffel, mar hie fierders fierhinne in gelikens uterlik. It tinken is dat de Kalifornyske kalkoen kwa grutte de midden hold tusken de lytsere groupoatkalkoen (Meleagris crassipes) út it Amerikaanske Súdwesten en de gruttere gewoane kalkoen.
Wat fersprieding oanbelange, wie de Kalifornyske kalkoen beheind ta in frij lyts gebiet yn wat no Súdlik Kalifornje is, fan Orange County yn it suden oant Santa Barbara County yn it noarden. Dy krite falt likernôch gear mei de hjoeddeistige stêdekloft fan Los Angeles.
Paleöntologen geane derfan út dat de Kalifornyske kalkoen ôfstamme fan oare kalkoenesoarten dy't al yn it Mioseen yn Súdlik Kalifornje foarkamen. Dat dizze fûgel sa'n soad op 'e gewoane kalkoen liket, komt dan ek net troch nauwe besibskip, mar suggerearret earder in fierhinne gelikense evolúsjonêre druk, dy't ta in parallelle evolúsje late. Nei alle gedachten wie de Kalifornyske kalkoen yn elts gefal troch de woastinen beëasten syn ferspriedingsgebiet isolearre fan kontakt mei de gewoane kalkoen.
It tinken mank saakkundigen is dat it útstjerren fan 'e Kalifornyske kalkoen feroarsake waard troch in kombinaasje fan oanhâldende drûchte, dy't de bisten twong om har te konsintrearjen yn 'e neite fan 'e oerbleaune wetterboarnen, en oerbejaging troch de minske, dy't doe mooglik noch mar frij resint yn Súdlik Kalifornje arrivearre wie. Men ornearret dat it útstjerren likernôch 10.000 jier lyn plakfûn hawwe moat.
Taksonomy
bewurkje seksjeDer binne in protte fossilen fan 'e Kalifornyske kalkoen bewarre bleaun yn 'e Tarreputten fan La Brea. De soarte waard foar it earst yn 1909 wittenskiplik beskreaun troch Loye Miller. Dyselde pleatste de fûgel yn it taksonomyske skaai Pavo, by de pauwen. Jierren letter reklassifisearre er de Kalifornyske kalkoen as in tuskenfoarm tusken de blauwe pau (Pavo cristatus) en de paukalkoen (Meleagris ocellata). Uteinlik korrizjearren oare biologen dy yndieling en kaam de Kalifornyske kalkoen mei de oare kalkoenen ta it skaai Meleagris te hearren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|