Karel de Grutte-priis
De Karel de Grutte-priis (offisjeel: Karel de Grote-prijs) is in kulturele priis fan de stêd Nijmegen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe priis, dy't yn 1954 yn it libben roppen waard, wurdt takend foar ien keunstwurk dat de stêd Nijmegen as ûnderwerp hat of dêrtroch ynspirearre is, as wol foar it hiele artistike oeuvre mei dat ûnderwerp. In keunstner, keunstnersgroep of kultuereel ûndernimmer dy't ta de kulturele sfear Nijmegen beheart komt yn de beneaming foar de priis. Der sit in jildbedrach fan € 10.000 oan de priis fêst. De gemeente rikt de oeuvrepriis ien kear yn de trije jier út op foardracht fan de Advyskommisje Kultuerprizen.
Neidat de oargelist Joost Langeveld yn de jierren 80 de priis wegere hie, ûntstie der in diskusje oer it al as net fuortsetten fan de priis. Yn dy tiid waard it reglemint oanpast.
Nijmegen hat ek noch de Alcuinuspriis of Cultuur Stimuleringsprijs ornearre foar deselde doelgroep.
Lauwerden
bewurkje seksje- 2020 - Ben Luderer (keunstner)
- 2016 - Mark Retera (striptekener)
- 2013 - Paul van Hontem (arsjitekt)
- 2010 - Jan Jansen (skoechûntwerper)
- 2008 - Marco Blaauw (muzikant)
- 2005 - Victor Vroomkoning (dichter)
- 2003 - Wim Kol (arsjitekt)
- 2001 - Nel Linssen (keunstenares)
- 1999 - Robert Terwindt (skilder)
- 1997 - H.H. ter Balkt (dichter)
- 1995 - Jan Banning (fotografy)
- 1993 - Tejater Teneeter (teater)
- 1990 - Antoon Croonen (arsjitektuer)
- 1988 - Theo Elfrink (skilderkuenst)
- 1980 - F.G.L. van der Meer (literatuer)
- 1968 - Albert Termote (byldhoukeunst)
- 1966 - L.J. Rogier (literatuer)
- 1961 - Rienk Roukema (arsjitektuer)
- 1960 - Toon Vijftigschild (skilderkeunst)
- 1959 - J. Out (toankeunst)
- 1958 - Gerard Bruning (byldhoukeunst)
- 1957 - Jan Wit (literatuer)
- 1956 - Jan van der Laan (arsjitektuer)