Kastiel Gutenfels

Gutenfels is in kastiel boppe it stedsje Kaub oan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân Palts. It kastiel foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Bopperin fan de Midden Ryndelling'.

Gutenfels
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Kaub
koördinaten 50° 5' N 7° 45' E
Skiednis
boujier 1220-1230
hjoeddeiske steat diels yntakt, diels ruïne
Oars
type hichteboarch
hjoeddeisk gebrûk hotel
bysûnderheden ûnderdiel UNESCO-wrâlderfgoed
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
burg-gutenfels.de
Kaart
Kastiel Gutenfels (Rynlân-Palts)
Kastiel Gutenfels

It kastiel waard nei alle gedachten sûnt 1220 yn opdracht fan it Ryk boud. Al yn 1252 belegere Willem fan Hollân it kastiel, mar sûnder fertuten.

Yn de 14e iuw waard in ringmuorre boud en fan de kant dêr't de oanfal ferwachte waard in twinger oanlein. Tagelyk waard it plato fan de westlike foarboarch boud.

Nei't de lângreve Willem fan Hessen de boarch yn 1504 39 dagen om' e nocht belegere, doopte de karfoarst Loadewyk V it kastiel om yn de namme 'Gutenfels' (goede rots). Hy joech yn 1508 opdracht om it kastiel te renovearjen en út te bouwen (súdlike twinger).

Ut de tiid fan de Tritichjierrige Kriich datearret it healrûne bolwurk oan de westlike kant. Yn dy tiid waard it kastiel ferskillende kearen oermastere, foar it lêst yn 1647 troch troepen fan it Lângreefskip Hessen-Kassel.

 
Plattegrûn fan de boarch

De boarch waard yn 1793 sûnder slach oan de Frânsen oerdroegen, dy't it oant 1804 brûkten foar ynvalide soldaten. Yn 1806 gyng it yn it besit fan it hartochdom Nassau oer, dy't it kastiel yn 1807 foar de ôfbraak ferkocht. In folsleine ferneatiging waard troch de oankeap fan de ruïne yn 1833 troch Friedrich Gustav Habel tefoarren kommen. Yn de rin fan de 19e iuw profitearre de ruïne fan de tanimmende belangstelling foar de kastielen en yn de jierren 1889-1892 liet de Keulske arsjitekt Gustav Walter, dy't Gutenfels yn 1888 oankocht hie, it wer opbouwe mei behâld fan it oarspronklike boumateriaal en it ruïnekarakter. Yn de rin fan de tiid hie it kastiel ferskillende eigners en wie it tydlik yn gebrûk as hotel.

De yntusken ferfallen terassen foar de wynbou om de boarch waarden yn 2008 op 'e nij beplante mei wynstokken en sûnt yn maart 2022 it eigendom fan de boarch op 'e nij wiksele funksjonearret it kastiel wer as in hotel.

Njonken de geve 35 meter hege fjouwerhoekige toer stiet der in 22 meter by 8 meter paleis fan trije ferdjippings wengebou. De likernôch 21,60 meter by 21,10 meter grutte kearn fan it kastiel waard troch in foarboarch, in twinger en in ringmuorre beskerme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Gutenfels Literatur, op dizze side.