Katedraal fan Caltagirone

De Sint-Julianuskatedraal (Italjaansk: Cattedrale di San Giuliano) yn Caltagirone op it Italjaanske Sisylje is de biskopstsjerke fan bisdom Caltagirone. De katedraal waard wijd oan Sint-Julianus, de apostel wêrfan't sein waard dat er troch Petrus sels nei Galje stjoerd waard.

Katedraal fan Sint-Julianus

Cattedrale di San Giuliano

Lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Caltagirone
adres Via Duomo
koördinaten 37° 14' N 14° 30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Caltagirone
patroanhillige Sint-Julianus
Arsjitektuer
boustyl barok
Webside
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Caltagirone (Sisylje)
Katedraal fan Caltagirone

It fan oarsprong Normandyske gebou waard nei slimme skansearrings troch ierdskoddings yn 1542 en 1683 op 'e nij boud. Mooglik fûn in alderearste ferfanging fan 'e earste bou al yn 1282 plak. Dêr tsjûget alteast in ynskripsje op in architraaf fan 'e tsjerke fan. Ek de namme fan 'e arsjitekt, Magister Gofredus, wurdt dêrby fermeld.

 
Ynterieur.

Op 12 septimber 1816 stifte paus Pius VII mei de bul Romanus Pontifex it bisdom Caltagirone, dy't dêrmei in âlde winsk fan Caltagirone ynwillige. De tsjerke waard dêrmei in katedraal en yn it ramt dêrfan fûn in grutte ferbouwing plak.

De hjoeddeiske gevel datearret fan in begjin 20e-iuwsk ûntwerp fan Saverio Fragapane. De 48 meter hege klokketoer waard noch letter oanboud (1954). Yn 'e trijeskippige tsjerke hingje in tal skilderijen fan 'e út in lokale skildersfamylje stammende Giuseppe Vaccaro. It ferwulft is fersierd mei fresko's fan âld- en nijtestamintyske foarstellings. Yn 'e rjochter earm fan it transept hinget in houten krusifiks út de tiid fan 'e renêssânse.

Yn juny 1920 ferliende paus Benediktus XV de tsjerke de earetitel basilyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: