Katedraal fan Northampton
De Katedraal fan Northampton (Ingelsk: Cathedral Church of Our Lady Immaculate and St Thomas of Canterbury) is de roomsk-katolike biskopstsjerke fan it bisdom Northampton yn 'e Ingelske stêd Northampton. It gebiet fan it bisdom omklammet de greefskippen Northamptonshire, Bedfordshire, Buckinghamshire en it noardlik fan 'e Teems lizzende part fan Berkshire. De katedraal leit yn it noardlike diel fan 'e stêd oan de Barrack Road.
Katedraal fan Northampton | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Northamptonshire | |
plak | Northampton | |
koördinaten | 52° 14' N 0° 53' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Northampton | |
patroanhillige | Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije Thomas Becket | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1844-1955 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
northamptoncathedral.org | ||
Kaart | ||
De neogoatyske basilyk waard yn 'e hjoeddeiske foarm yn trije boufazes foltôge: 1844, 1863-1864 en 1948–1955.
Skiednis en arsjitektuer
bewurkje seksjeDe katedraal waard op grûn boud fan it eardere midsiuwske kleaster St. Andrew’s, dêr't fierder gjin resten fan bewarre binne bleaun. It katolike libben begûn nei de reformaasje pas wer yn 'e jierren 1820 op te bloeien. Yn 1825 waard op it plak earst in oan Andréas wijde kapel boud. Doe't de kapel tanksij Ierske migranten te lyts waard, bouden se westlik fan 'e kapel nei in ûntwerp fan Augustus Welby Northmore Pugin in nije kollegiale kapel, dy't wijd waard oan 'e hillige Féliks.
Yn 1850 waard Northampton de sit fan 'e biskop en al rillegau waard no ek de Felikskapel te lyts. Edward Welby Pugin liet de kapel no oant 1864 ta in trijeskippige basilyk ferbouwe. In toer, dy't wol boud wurde soe, waard net realisearre. Op 'e nij waard it patrosinium fan de tsjerke feroare: it godshûs waard no wijd oan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije en de hillige Tomas fan Canterbury.
Nei de Twadde Wrâldkriich krige de katedraal in nije oriïntaasje: de westlike apsis waard feroare yn 'e tagong en krige in kreake en yn it easten waard in diel fan de Andréaskapel út 1825 ôfbrutsen, sa't de tsjerke dêr útwreide wurde koe mei in dwersskip, in krusingsstoer en in nij koer mei in flakke ôfsluting yn Tudorstyl. It part fan 'e kapel dat net ôfbrutsen waard, is tsjintwurdich de sakristy. Ek it alter fan 'e kapel bleau bewarre en stiet no yn 'e sakristy.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe bylden en brânskildere ramen yn it skip fan de katedraal datearje út de neogoatyske tiid. De ynrjochting fan 'e katedraal yn it eastlike diel stamt út de twadde helte fan 'e 20e iuw.
Oargels en tsjerkemuzyk
bewurkje seksjeDe katedraal hat twa oargels. It haadoargel is in digitaal instrumint mei 60 registers op trije manualen en pedaal. It Viscount-oargel waard yn 2008 op de westlike galerij boud.
Ut 1976 stamt it oargel fan 'e oargelbouwer Hendrik ten Bruggencate op 'e galerij yn it noardlike dwersskip. Dat lytse oargel hat 10 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. De trakturen binne meganysk.
Oan de katedraal is in koar ferbûn, dat sneins bu de misse en oare tsjinsten sjongt.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.
|