Katedraal fan Peterborough

De Katedraal fan Peterborough (Ingelsk: Peterborough Cathedral), offisjeel de Katedrale Tsjerke fan Sint-Petrus, Sint-Paulus en Sint-Andréas (Cathedral Church of St Peter, St Paul and St Andrew) – ek bekend ûnder de namme Sint-Petruskatedraal - is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Peterborough. Op 'e trije gevels fan it ferneamde westlike front fan de katedraal steane de bylden fan 'e apostels dêr't de katedraal oan wijd is.

Katedraal fan Peterborough

Cathedral Church of St Peter, St Paul and St Andrew

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Cambridgeshire
plak Petersborough PE1 1XS
koördinaten 52° 34' N 0° 14' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Peterborough
patroanhillige Petrus, Paulus
Andréas
Arsjitektuer
boujier 11181237
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
hichte 44 m
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Peterborough (Cambridgeshire)
Katedraal fan Peterborough

De 147 lange katedraal waard noch yn 'e Angelsaksyske tiid stifte, mar de arsjitektuer datearret foar it measte út de Normandyske tiid, doe't de katedraal op 'e nij boud waard. Mei de katedralen fan Durham en Ely heart de katedraal by de belangrykste 12e-iuwske gebouwen fan Ingelân, dy't nettsjinsteande fergruttings en restauraasjes foar in grut part yntakt bleaun binne.

It ferneamde westlike diel fan 'e tsjerke makket yndruk troch de trije ûnbidich grutte bôgen. Troch't ien fan 'e tuorren efter de gevel nea foltôge is, hat de gevel op in ôfstân in assymetrysk oansjen.

Angelsaksyske oarsprong

bewurkje seksje
 
Hedda Stien.

De oarspronklike tsjerke, bekend as Medeshamstede, waard ûnder it regear fan 'e Angelsaksyske kening Peada fan 'e Middelangelen yn likernôch it jier 655 stifte. It wie ien fan 'e earste kristlike sintra yn Sintraal-Ingelân en de oan de tsjerke ferbûne kleastermienskip bleau oant teminsten it jier 870 bestean, doe't nei alle gedachten Wytsings in ein makken oan 'e delsetting. Yn in nis fan it nije gebou, in útwreiding fan it eastlike ein, leit de saneamde "Hedda Stien". It midsiuwske reliëf lit tolve muotsen sjen, seis oan elke kant, en betinkt de ferneatiging fan it kleaster en de dea fan 'e abt en muontsen doe't it gebiet troch Wytsings yn 864 plondere waard. De Hedda Stien waard krekt wat nei de plondering makke, doe't in kleaster yn it neigean rekke.

Yn 'e midden fan 'e 10e iuw wie der in monastike weroplibbing en waard der in benediktynske abdij stifte. Dat waard benammen mooglik makke troch Athelwold, biskop fan Winchester, dy't fan 'e resten fan 'e eardere tsjerke de bou fan in basilyk en oare gebouwen mooglik makke. De orizjinele sintrale toer bleau lykwols bewarre. De tsjerke waard opdroegen oan Petrus en omklamme troch in houten wâl, een saneamde burgh, itjinge Peter-burgh, de namme fan 'e stêd om de abdij hinne, ferklearre. Ek Dunstan, de aartsbiskop fan Canterbury, joech it monastike libben fan 'e abdij in foarse ympuls.

 
It tsjerkeskip mei it houten plafond dat noch út de Normandyske boutiid datearret.

Fan 'e fûneminten fan 'e Angelsaksyske tsjerke besteane allinne dy ûnder it súdlik dwersskip noch. Dochs binne der in tal wichtige saken, lykas de Hedda Stien, fan it eardere gebou bewarre bleaun. Yn 2008 binne troch wurklju, dy't in muorre reparearren, Angelsaksyske grêfstiennen ûntdutsen, dy't neffens sizzen noch út de 11e iuw stamme.

 
Grûnplan fan 'e katedraal

By de Normandyske ynfaazje rekke de katedraal by gefjochten skeind. De restauraasje fan 'e katedraal wie noch yn folle gong doe't de katedraal yn 1116 troch brân yn 'e jiske lein waard. No moast der in nije tsjerke boud wurde en dat barde yn 'e Normandyske styl. Abt John de Sais sette op 8 maart 1118 útein mei de nijbou en yn 1193 wie de tsjerke oant it westlike ein fan it skip foltôge. It fersierde houten plafond dat tusken 1230 en 1250 ynbrocht waard bestiet noch jimmeroan. Foar Grut-Brittanje is it in unyk plafond en der binne yn 'e rest fan Jeropa mar fjouwer fan soksoarte plafonds. It is twa kear oerskildere, ienris yn 1745 en dêrnei nochris yn 1834, mar it hat noch altiten de styl en it karakter fan it orizjineel.

Doe, nei de foltôging fan it westlike dwersskip en it tafoegjen fan de grutte westlike portikus yn 1237, skeakelen de midsiuwske mitslers oer op de nije goatyske styl. Ofsjoen fan feroarings oan de ramen, it ynbringen fan in portaal om de frijsteande pylders fan de portikus te ûnderstypjen en it yn 'e 16e iuw tafoegjen fan in nij gebou oan de eastlike kant feroare der yn 'e rin fan 'e tiid net in soad mear oan 'e tsjerke. De biskop fan Lincoln, Robert Grosseteste, wijde yn 1238 de foltôge tsjerke yn. By it bouwen fan it goatyske front bleaune de âldere Normandyske tuorren bewarre.

 
Waaierferwulft yn 'e Marijekapel.

Under de reliken fan it kleaster hearden neffens de 12e-iuwske muonts Hugh Candidus twa stikken fan it linnen dêr't de poppe Jezus yn wikkele wie, stikjes fan 'e krêbe dêr't Jezus yn lei, in stik fan de fiif bôles dêr't Jezus 5.000 minsken mei sêde, in stik klean fan 'e Hillige Jongfaam, in stik fan 'e stêf fan Aäron en reliken fan Petrus, Paulus en Andréas. De earm fan Oswald fan Northumbria ferdwûn út syn kapel, mooglik yn 'e reformaasje, ek al wie der in wachttoer boud foar muontsen om it relikwarium te beweitsjen. Ferskate reliken fan Thomas Becket wiene yn in skryn út Canterbury meinommen troch prior Benedictus (dy't de moard op Becket meimakke hie), doe't er promovearre waard ta abt fan Peterborough. Alle reliken gyngen yn 1541 as gefolch fan 'e opheffing fan it kleaster troch Hindrik VIII ferlern.

Al dy reliken ûnderskriuwe it doetiidske belang fan wat tsjintwurdich de katedraal fan Peterborough is. Op it hichtepunt fan 'e rykdom, krekt foar de reformaasje, hie de abdij it op fiif nei heechste monastike ynkommen fan Ingelân en wennen der wol 120 muontsen.

 
Koer

De tsjerke oerlibbe de reformaasje mei't it de funksje fan katedraal fan it Anglikaanske bisdom fan Petersborough krige. Hindrik's eardere frou, Katharina fan Aragon, waard yn 1536 yn 'e tsjerke begroeven. Har grêf is noch altiten te sjen en wurdt fereare troch besikers dy't der blommen en granaatappels del lizze. Oan it hek binne de wurden Katharine Queen of England oanbrocht, in titel dy't har yn har libben ûntsein waard.

Yn 1587 waard ynearsten ek it lichem fan de katolike Marije, keninginne fan de Skotten, nei har eksekúsje yn 'e katedraal begroeven. Yn opdracht fan har soan kening Jakobus I waard se lykwols letter opgroeven en op 'e nij byset yn 'e Westminser Abbey.

Ingelske Boargerkriich oant hjoeddedei

bewurkje seksje

De troepen fan it Parlemint plonderen de katedraal yn 1643 yn 'e tiid fan 'e Ingelske Boargerkriich. Lykas ek by oare tsjerken en katedralen waarden hast alle brânskildere ramen en midsiuwske koerbanken fernield. Sa ek it heechalter, de retabels, de kleastergong en de Marijekapel. Alle monuminten yn 'e katedraal waarden skeind of hieledal ferneatige.

 
Heechalter.

In diel fan 'e skea waard yn 'e 17e en 18e iuw wer yn oarder makke. Yn 1883 sette in grutte restauraasje útein nei't grutte skuorren yn 'e dragende pylders en bôgen fan de haadtoer ûntstiene. De sintrale krusingstoer waard op 'e nij boud en de fûneminten, de pylders, it koer en it westlike front waarden ûnder hannen nommen. De katedraal krige nije koerbanken, in nije biskopstroan, in nije preekstoel en in nij heechalter en de sintrale toer waard troch ferwidering fan in laach kantielen leger makke.

Sûnt 2006 fûnen der renovaasjes oan 'e westlike gevel plak. De bylden dêr wiene troch it waar en de smoargens sa bot oantaast, dat guon derfan allinne hiel bliuwe koene troch der fan de holle nei it lichem izeren staven yn te stekken.

Op 22 novimber 2001 ûntstie der brân yn 'e katedraal. Der wurdt tocht dat de brân mei sin oanstutsen wie ûnder plastic stuollen, dy't yn 'e noardlike koerbeuk opsteld stiene. Aldergelokst waard it fjoer gau ûntdutsen sadat de helptsjinsten der op 'e tiid by wiene. It momint fan 'e brân koe lykwols net minder: de folsleine restauraasje fan it skildere houten plafond wie nammentlik hast klear. De oalje-eftige reek fan de plastic stuollen wie lykwols tige skealik en feroarsake yn in grut diel fan it gebou in plakkerige swarte laach. De boarne fan de brân lei tichteby it oargel en de kombinaasje fan de direkte skea troch it fjoer en it wetter foar it dwêsten makke in folsleine weropbou fan it oargel needsaaklik, sadat it foar jierren net mear te brûken west hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Peterborough Cathedral