Katedraal fan de Berte fan de Hear (Starodub)

De Katedraal fan 'e Berte fan 'e Hear (Russysk: Собор Рождества Христова; Sobor Rozjdestva Christova), ek: Kozakkekatedraal, is in tsjerke yn 'e west-Russyske stêd Starodub yn 'e oblast Brjansk. De tsjerke heart by it bisdom Klintsovsky fan it aartsbisdom Brjansk.

Katedraal fan 'e Berte fan 'e Hear
Собор Рождества Христова
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Brjansk
plak Starodub
koördinaten 52° 34' N 32° 45' E
Arsjitektuer
boujier 1677
boustyl Oekraynske barok
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 321610503180005
Webside
starodyb-8.cerkov.ru
Kaart
Katedraal fan de Berte fan de Hear (Jeropeesk Ruslân)
Katedraal fan de Berte fan de Hear

De trijekoepelige tsjerke waard yn 1677 yn 'e styl fan 'e Oekraynske barok boud, nei't in eardere houten tsjerke út 1617 ôfbaarnde. De tsjerke waard boud fan bakstien en letter bepleistere. Sûnt it begjin fan 'e 18e iuw wie it de katedraal fan it yn Starodub legere Kozakkerezjimint.

It is ien fan 'e bêste foarbylden fan Oekraynske barok yn it hjoeddeiske Ruslân.[1]

Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke sletten en brûkt om guod yn op te slaan. Yn 'e jierren 1990 waard de tsjerke wer iepensteld foar tsjerketsjinsten. Njonken de tsjerke waard doe in lytse frijsteande klokketoer boud.

De koepels fan 'e tsjerke krigen yn 'e simmer fan 2013 in goudkleurige dakbedekking ynstee fan 'e griiskleurige dakbedekking. Ek krigen de lantearnen op 'e koepels nije gouden otterdokse krusen.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.temples.ru/card.php?ID=17663