Katyń (film út 2007)

film út 2007 fan Andrzej Wajda

Katyń (de Poalske namme foar Katyn) is in Poalske film fan de regisseur Andrzej Wajda oer de moardnerij fan Katyn yn 1939 yn opdracht fan Joazef Stalin. De film gie op 17 septimber 2007 yn premjêre, 68 jier nei de ynfal fan de Sovjet-Uny op Poalen, en is basearre op it boek "Post mortem: Katyń" fan Andrzej Mularczyk.

Katyń
film
makkers
regisseur Andrzej Wajda
produsint Michal Kwiecinski
senario Przemyslaw Nowakowski, Wladyslaw Pasikowski, Andrzej Wajda
basearre op "Post mortem: Katyń" fan Andrzej Mularczyk
kamerarezjy Pawel Edelman
muzyk Krzysztof Penderecki
distribúsje ITI Cinema (Poalen)
spilers
haadrollen Andrzej Chyra, Maja Ostaszewska, Artur Zmijewski, Danuta Stenka, Jan Englert, Magdalena Cielecka, Agnieszka Glinska, Pawel Malaszynski
skaaimerken
lân/lannen Poalen
premiêre 17 septimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre drama
taal Poalsk, Oekraynsk, Dútsk, Russysk
spyltiid 125 minuten

De film begjint op 17 septimber 1939 as op in brêge grutte kloften flechtlingen út it westen flechtlingen út it easten tsjinkomme. De flechtlingen út it westen roppe dat de Dútsers efter harren oan komme, wylst de flechtlingen út it easten dat oer de Russen roppe. Anna is mei har dochter ien fan 'e flechtlingen dy't foar de Dútsers besiket te flechtsjen. Har man Andrzej tsjinne as ofsier yn it Poalske leger, dat yntusken ferslein is. De soldaten mochten nei hûs, mar de Russen holden de ofsieren noch finzen. Anna wit út te fiskjen wêr't har man is en slagget der nei in lange reis yn him te sjen. Hja besiket him oer te heljen mei har mei werom te gean, mar har Andrzej wegeret syn eed te brekken en wurdt mei oare ofsieren yn 'e trein deportearre nei de Sovjet-Uny.

Yn Krakau slagge de nazy's yntusken foar master op. Dêr wurde op 6 novimber 1939 alle yntellektuelen fan 'e universiteit fan Krakau oproppen om te harkjen nei in taspraak fan de nazy Müller. De heit fan Andrzej is professor oan de universiteit en moat ek nei de ferplichte taspraak ta. Dêr krije de yntellektuelen yn in ûnbeskofte taspraak te hearren dat hja sûnder tastimming fan de besetter les jouwe en dat soks in fijannige hanneling tsjin Dútslân is. Om't neffens de nazy de universiteit in fijannich bolwurk tsjin Dútslân en de Sovjet-Uny is, wurdt dy fuortendaliks sletten. Alle oanwêzigen wurde oppakt en nei konsintraasjekampen stjoerd.

Rolferdieling

bewurkje seksje

De film waard foar in Oscar nominearre foar de bêste bûtenlânske film. Dêrnjonken wûn de film 14 prizen en waard de film nochris 13 kear nominearre foar in ûnderskieding.[1]

Histoaryske eftergrûn

bewurkje seksje
 
Fynst fan de massagrêven yn Katyn yn 1943

Op 23 augustus 1939 waard tusken Nazy-Dútslân en de Sovjet-Uny it Molotov-Ribbentroppakt sletten. Njonken de ôfspraak inoar net oan te fallen wie dêr ek in protokol dat de ferdieling fan Poalen tusken de lannen regele. Op 1 septimber 1939 foel Dútslân Poalen binnen. Trije wike letter foel ek de Sovjet-Uny Poalen binnen. Njonken militêren waarden ek troch Ruslân yntelligentsia oppakt en nei Ruslân deportearre.

Katyn is in doarp yn Ruslân, likernôch 20 kilometer west fan Smolensk. De bosken dêr waarden troch de NKVD brûkt as eksekúsjeplak. It wie ien fan de trije lokaasjes dêr't de NKVD yn opdracht fan Stalin likernôch 25.700 Poalske boargers, preesters en militêren fermoarden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: