Kayla McAlister (Kaikohe, 6 augustus 1988) is in Nijseelânsk rugbyster fan etnysk Maoary-komôf. Hja makke diel út fan it Nijseelânske rugby sevens-frouljustiim dat yn 2016 op 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro in sulverne medalje wûn.

Kayla McAlister
sporter
McAlister yn aksje (lofts op de foto).
McAlister yn aksje (lofts op de foto).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kayla McAlister
nasjonaliteit Nijseelânsk
bertedatum 6 augustus 1988
berteplak Kaikohe (Nij-Seelân)
etnisiteit Maoary
lingte 1.69 m
gewicht 71 kg
sportive ynformaasje
sport rugby, netbal
ûnderdiel rugby sevens
O.S. Rio de Janeiro 2016
debút 2011
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 2016

Libben en karriêre

bewurkje seksje

McAlister waard yn 1988 berne yn Kaikohe, yn it uterste noarden fan it Noardereilân fan Nij-Seelân. Hja is fan etnysk Maoary-komôf, en identifisearret harsels as lid fan 'e iwi (stamme) Te Āti Awa. McAlister is de suster fan Luke McAlister, in earder rugbyspiler út it Nijseelânske nasjonale manljustiim.

As beoefenster fan 'e sport netbal (dy't sterk op kuorbal liket) spile McAlister yn 2011 foar it tiim Northern Mystics, út Auckland. Yn 2012 sette se lykwols yn 'e fuotleasten fan har broer útein mei in karriêre as spylster fan rugby sevens mei as posysje spits. Yn dy hoedanichheid spilet se sûnt foar it Nijseelânske nasjonale frouljustiim.

Yn 2016 makke McAlister diel út fan it tiim dat Nij-Seelân fertsjintwurdige op 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro. Nei't dat yn 'e heale finale Grut-Brittanje mei 25-7 ferslein hie, gie it yn 'e finale tesink tsjin Austraalje mei in skoare fan 17-24. Dêrmei wûnen McAlister en har tiimgenoaten in sulverne medalje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (in) Kayla McAlister.