Kazimierz Nowak
Kazimierz Nowak ( Stryi, 11 jannewaris 1897 - Poznan, 13 oktober 1937 ) wie in Poalske reizger, korrespondint en fotograaf. Nei de Earste Wrâldkriich wenne er yn Poznań.
Fan 1931 oant 1936 reizge er alinne rinnende en mei de fyts troch Afrika oer in ôfstân fan 40.000 km. Hy sette út ein yn Tripoly en reizge oer Kairo, Kartûm, Lubumbashi, Pretoria, Kaap Agulhas, Kaapstêd, Kinsjasa, Windhoek troch de woastyn fan Frânsk West-Afrika om te einichjen yn Algiers.
Hy wie nei alle gedachten de earste dy't soks die. Syn reisferslaggen binne publisearre yn it boek mei as titel Rowerem i pieszo przez Czarny Ląd, wat soksawat betsjut: 'Op 'e fyts en rinnend troch it swarte kontinint'.
In jier nei syn weromkommen stoar er oan longûntstekking. Hy wie tige ferswakke rekke troch malaria dy't er op syn reis skipe hie.
Op 25 novimber 2006 waard yn it sintraalstasjon fan Poznań, ta neitins fan Nowak, in plakette oanbrocht.
-
Mei de fyts yn de woastyn
-
De reis brocht Nowak ek troch de jungle fan Uganda en Kongo
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kazimierz Nowak fan Wikimedia Commons. |