Keardaam

(Trochferwiisd fan Keardammen)

In keardaam (Ned.:stuw) is in wetterboukundich keunstwurk dat as doel hat om wetter yn in rin, streamke of rivier op te kearen.

Hydraulysk te betsjinjen keardaam yn de Maas by Jambes (B), ûndediel fan de wurken dy't de Maas befarber hâlde
Revin (F)
Keardaam- en slûskompleks ûnder de John S. Thompsonbrêge yn Grave

Keardamen kinne fêst of regelber wêze. In fêste keardaam jout altyd itselde peil. By in regelbere is der in ynrjochting (bgl. in klep) dy't derfoar soarget dat der yn ferskillende perioades in oar peil ynsteld wurde kin. Sa is it peil by 't winter faak leger as yn de by 't simmer. Trochgeans wurde de keardamen omheech helle neidat der siedde is en wer dellitten flak foardat de rispinge ynhelle wurdt. Sa kinne it lân en de ikkers by it siedzjen en ûngetiidzjen mei swiere lânboumasines dien wurde en hoecht der yn it groeiseizoen net sa gau bereind te wurden.

Keardamen yn beken en wetterrinnen wurde faak makke om wetter langer fêst te hâlden en sa te foarkommen dat dy gebieten ferdrûgje. Sa wurdt ek foarkommen dat leger lizzende gebieten gau oerstreame.

Yn de grutte rivieren wurde keardamen net allinnich boud om ferdrûging fan heger lizzende gebieten te foarkommen, mar ek om foar de skipfeart it hiele jier troch in minimale wetterstân te garandearjen.

Fierders wurde keardamen oanlein om wetterstreamen te stjoeren. De keardamen dy't yn de Nederryn en de Lek boud binne, hawwe benammen as doel om wetter út de Ryn oer de Isel nei de Iselmar te stjoeren.

In ienfâldige keardaam wurdt wol oerlaat neamd. In oerlaat kin de hichte net fan ynsteld wurde, it hat in fêste hichte.

It wurd 'oerlaat' wurdt ek brûkt foar keardamen dy't derfoar soargje dat it wetterpeil net boppe in bepaalde hichte komt. Sa kin it peil binnen beskate grinzen hâlden wurde; bygelyks as by in rivier it peil oer de 50 sm giet, kin it wetter in polder ynstreame of troch in oare wettergong (dêr't it gewoanwei net lânsrint) ôfrinne.

Besibbe ûnderwerpen

bewurkje seksje