Kees van Duinen
Kornelis (Kees) van Duinen (Grins, 26 april 1907 - dêre, 8 maart 1950) wie in Nederlânsk dichter.
Biografy
bewurkje seksjeKees van Duinen wie in soan fan timmerman Kornelis van Duinen en Ferdina IJszenga. It wie in grifformearde húshâlding. Van Duinen boaske yn 1942 oan Martje Snip (1911-2003). Se krigen seis bern. Hy wie kantoarman by in útjouwerij yn Grins.
Van Duinen wie in beskieden, grutske man dy't net te keap rûn mei syn wurk. Van Duinen syn gedichten hawwe as temas: iensumens, gefoelens fan sinleazens en leauwe. Hy hifke syn wurk sekuer en hie fanwege syn leauwe it gefoel dat de 'tsjustere' kant fan syn poëzy der net wêze mocht fanwege de ferlossende krêft fan it leauwe. In befreone resinsint út itselde fermidden befêstige dat. Sadwaande waard er net bekend by it grutte publyk. Hoewol't er by syn libben in tal gedichten publisearre ferskynde syn earste dichtbondel postúm yn 1951, dy't oars goede resinsjes krige. Hy bewûndere de dichter Rainer Maria Rilke en wie foar de oarloch warber yn de rûnte fan kristlike dichters en skriuwers yn Grins, dêr't ek in Jan H. Eekhout, Sjoerd Leiker, Martin Leopold, Ab Visser en Ido Keekstra ta hearden.
Yn de oarloch hie er kunde oan de byldzende keunstners Pit van Loo en Herman Dijkstra; de arsjitekt Piet de Vrieze en de skriuwers Lidy van Eijsselsteijn, Arjen Miedema en Anne de Vries. Van Duinen gie yn 1944 oer nei de frijmakke grifformearde tsjerke.
Wurk
bewurkje seksje- De trap, dichtbondel (postúm, 1951)
- Tegen de ruit, samle wurk. Besoarge en ynlaat troch Hans Werkman (2015)
Literatuer
bewurkje seksje- Lidy van Eijsselsteijn. In memoriam Kees van Duinen. Yn Ontmoeting, april 1950., s 297 e.f.
- Jan Kooistra. Kees van Duinen (1907-1950), een dichter achter dun vensterglas. Yn Dimensie. Jiergong 2 nr. 8 july 1978, s. 51-53. (oer de bondel De trap).
- W. Meijer. In Memoriam Kees van Duinen. 26 April 1907 - 9 Maart 1950. Gereformeerd Gezinsblad, 21-03-1950.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|