Kening

(Trochferwiisd fan Keningskip)
Dizze side giet oer de foarstlike titel kening. Foar oare betsjuttings, sjoch: kening (betsjuttingsside).

Kening is nei keizer de heechste foarstlike titel. Mei dizze titel wurdt it (manlike) steatshaad fan in keninkryk oantsjutten. It froulike ekwifalint fan de titel is keninginne, mar dat is ek oantsjutting foar de oarehelte fan in kening. De soan fan in kening is in prins en syn dochter is in prinsesse. De opfolger fan in kening is de kroanprins. Ofhinklik fan de definysje fan eallju kin de kening de heechste ealman yn in lân wêze, of dejinge dy't sizzenskip oer alle eallju hat.

Histoarysk hienen de Germaanske keningen de kombinearre funksje fan foarsitter by folksgearkomsten, hegepryster by offers en militêr lieder by kriich. Nei alle gedachten hat dit ea in net-erflike funksje west, mar yn histoaryske tiden wie de titel erflik, al moast it folk de opfolging al goedkarre. De heechste hearskers yn oare kultueren hienen net krekt deselde funksjes, mar hja wurde oan de keningen lyksteld.

Iere keningen

bewurkje seksje

Yn Nederlân ûntwikkele harren yn de 6e iuw yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadich oan in keningskip by de it folk fan de Friezen. Krekt as yn de Angelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.

It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de 7e iuw hieltyd mear stal. De keningen wienen suksesfol yn de kriich en wreide harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening Redbad soe it Fryske ryk har grutste útwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadich oan oermastere wurde troch de Franken. Karel de Grutte makke der yn 772 in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de Lauwers by it Frankyske ryk foege.

Keninkryk fan de Nederlannen

bewurkje seksje

De titel fan kening bestie yn Nederlân op 'e nij sûnt 1815. Yn 1813 waard de soevereiniteit opdroegen oan Willem Frederik, Prins fan Oranje-Nassau. Hy wie doe Soeverein Foarst Willem VI, mar nei de feriening mei Belgje op it Kongres fan Wenen waard er yn 1815 nei in muoisume lobby oerhelle de titel 'Kening' oan te nimmen. Hjirmei waard er Kening Willem I fan Nederlân.

Nederlân wurdt al sûnt mear as 100 jier regeard troch in keninginne, omdat de âldsten yn de direkte line al trije kear froulju wiene. Yn de Nederlânske grûnwet komt de term Keninginne foar in regearjende foarst lykwols net foar, dat formeel binne hja kening. Om dizze reden is de man fan de keninginne de prins-gemaal; hy kin gjin kening wêze want dat is de titel fan syn frou. Oarsom wurdt de frou fan in manlike kening al keninginne neamd.

De Nederlânske Keningskroan waard yn 1816 fêststeld by Keninklik Beslút of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77). Oars as by it ynstallearjen fan de measte oare foarsten, wurdt de Nederlânske kening net kroane mei de kroan. Ommers, yn it Plakkaat fan Ferlating hawwe de Nederlannen steld dat de kening it folk tsjinnet; dêrby past net in ynhuldiging wêrby de kening troch de kroaning boppe it folk pleatst wurdt.

Jeropeeske keninkriken

bewurkje seksje

Troch de tiid hinne hat Jeropa ferskate keninkriken kend; guon binne ferdwûn troch ferovering, oare troch fúzje en wer oaren troch revolúsje.

Hjoeddeiske keninkriken

bewurkje seksje

Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende keninkriken:

Eardere keninkriken

bewurkje seksje

Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende lannen dit earder keninkriken wienen:

Jeropeeske keninkriken út eardere perioades

bewurkje seksje

Yn it ferline wienen der yn Jeropa de neikommende keninkriken dy't no net mear as lannen besteane. Guon dêrfan binne: