Kermadeceilannen

(Trochferwiisd fan Kermadekeilannen)

De Kermadeceilanden (Ingelsk: Kermadec Islands) binne in fulkanyske eilannekloft yn de Grutte Oseaan, yn Polyneezje, dy't sûnt 1887 by Nij-Seelân hearre. De Kermadeceilannen lizze sa'n 900 km noardeastlik fan it Noardereilân fan Nij-Seelân en op likernôch deselde ôfstân súdwestlik fan Tonga.

Plak fan de Kermadeceilannen

Geografy en klimaat bewurkje seksje

It totale oerflak fan de eilannen is 33.08 km². Sy wurde net bewenne, útsein it sûnt 1937 foarfêst bemanne Raouleilân Stasjon, it meast noardlike meteorolgysk- en radiostasjon fan Nij-Seelân.
De Kermadeceilannen hawwe in subtropysk klimaat: dêr falt sa'n 1500 mm rein it jier en de trochsneed moannetemperatuer fan febrewaris is 22.4 °C en yn augustus 16.0 °C.

Geology bewurkje seksje

De Kermadeceilannen binne fulkanyske eilannen, dy't op de Kermadecrêch lizze. Dy ûntstie, tegearre mei de Kermadectrôch, dy't by de Galatheadjipte wol 9994 meter djip is, troch de subduksje fan de Pasifyske plaat ûnder de Yndysk- Australyske plaat. De subduksje rint fan Tonga oant Nij-Seelân. Op Raouleilân en Curtiseilân binne aktive fulkanen, op de oare eilannen allinne sliepende erodearre oerbliuwsels fan fulkanenan.

Skiednis bewurkje seksje

De Kermadeceilannen waarden tusken de 10e iuw en de 14e iuw kolonisearre troch de Austronezyske Lapitapottebakkers, dy't út Súdeast-Aazje wei oer Nij-Guineä en Melaneezje nei Polyneezje kaam wienen. Doe't de Europeanen laat fan Jean-Michel Huon de Kermadec yn 1791 (nei wa't de eilannen ferneamd binne) dêr oankamen, wienen sy ûnbewenne. Europeanen bewennen de Kermadeceilannen oant 1937, dêrnei bleau allinnich it Raouleilân Stasjon oer.
Op 16 maaie 2006 waarden de Kermadeceilannen rekke troch in ierdskodding mei in krêft fan 7.6 op de skaal fan Richter; op 7 july 2011 wie der in skodding fan 7.8 op de skaal fan Richter.

Floara bewurkje seksje

De Kermadeceilannen hawwe in grut ferskaak oan plantesoarten, ûnder oaren 113 lânseigen fetplantsoarten, sa'n 52 mossensoarten en fingisoarten. Raouleilân en Macauleyeilân binne foar it grutste part oerdutsen troch subtropyske bosken.