Jean-Michel Huon de Kermadec

Jean-Michel Huon de Kermadec (Bohars (Bretanje), 12 septimber 1748Balade (Nij-Kaledoanje), 6 maaie 1793) wie in Frânsk ealman, marine-ofsier, ûntdekkingsreizger en seefarder fan etnysk Bretonsk komôf. Syn namme libbet fuort yn û.m. de Golf fan Huon, by Papoea Nij-Guineä, en de Kermadeceilannen, benoarden Nij-Seelân.

Jean-Michel Huon de Kermadec
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean-Michel Huon de Kermadec
nasjonaliteit Frânsk
berne 12 septimber 1748
berteplak Bohars (Bretanje)
stoarn 6 maaie 1793
stjerplak Balade (Nij-Kaledoanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
berop/amt marine-ofsier
aktyf as ûntdekkingsreizger, seefarder

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Huon de Kermadec waard yn 1748 berne yn Bohars, dat no yn it Frânske departemint Finistère leit, oan 'e útein fan it skiereilân Bretanje. Hy wie in telch út in âld etnysk Bretonsk aadlik laach. Hy joech him al ier by de marine fan it doetiidske Keninkryk Frankryk.

Yn septimber 1791 waard Huon de Kermadec keazen om it befel te fieren oer it skip de Espérance ("Hoop" of "Goede Hoop"), dat diel útmakke fan 'e ekspedysje fan Antoine Bruni d'Entrecasteaux nei de Stille Súdsee. It doel fan 'e reis wie om 'e ferdwûne ekspedysje fan Jean-François de La Pérouse te sykjen.

Mei de rest fan 'e ekspedysje fan Bruni d'Entrecasteaux ferkende de Espérance fan Huon de Kermadec de kusten fan 'e eilannen Tasmaanje, Nij-Kaledoanje en Nij-Guineä, en ek fan 'e Santa Cruz-eilannen (no diel fan 'e Salomonseilannen). Huon de Kermadec rekke lykwols oanhelle mei de sykte tuberkuloaze, dy't doedestiden ûngenêslik wie. Hy ferstoar yn maaie 1793 yn 'e âlderdom fan 44 jier op Nij-Kaledoanje.

Ferskate toponimen yn 'e krite fan Austraalje en de Stille Súdsee hâlde de neitins oan Huon de Kermadec yn libben. De Kermadeceilannen binne in keatling tropysk-fulkanyske ûnbewenne eilannen noardeastlik fan (en hearrend ta) Nij-Seelân. It ûndjippe part fan 'e see dêr't dy eilannen lizze, hjit de Kermadecrêch. De dêr net fier ôf leine Kermadectrôch is in djippe bedelte yn 'e seeboaiem. Yn Tasmaanje binne de rivier de Huon, de Huondelling en it plak Huonville nei Huon de Kermadec ferneamd, yn Papoea Nij-Guineä it Huonskiereilân en de Golf fan Huon.

Der binne ek inkele taksonomyske ferneamings nei Huon de Kermadec: de Huondin (Lagarostrobos franklinii) fan Tasmaanje, it Proteaceae-skaai Kermadecia fan Nij-Kaledoanje en de beam Metrosideros kermadecensis fan 'e Kermadeceilannen, hoewol't dy lêste in yndirekte ferneaming is (nei de eilannen ynstee fan nei de man sels).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.