Ketikoti [ˈkɪti ˈkɔti]? (ek Keti Koti en Keti koti) is in alle jierren weromkommende Surinaamske feestdei om de ôfskaffing fan de slavernij te fieren. De namme stamt út it Sranantongo en betsjut Keatlings ferbrutsen (fan keti, Nederlânsk ketting, "keatling", en koti, Ingelsk to cut, "snije"). It feest wurdt ek yn Nederlân fierd.

Ketikoti, Amsterdam, 2013
It stânbyld fan Kwakû yn Paramaribo. Set yn 1963 by gelegenheid fan hûndert jier Ketikoti
(Makker: Jozef Klas)

Op 1 july 1863 skafte it Keninkryk fan de Nederlannen mei de Emansipaasjewet de slavernij ôf yn Suriname en op de Nederlânske Antillen.

Goed 45.000 fan oarsprong Afrikaanske slaven waarden frij, fan wa't 34.441 slaven yn Suriname wiene. In slavehâlder waard foar eltse slaaf de skea fergoede mei 300 gûne, mar de frijmakke minsken krigen neat en moasten yn Suriname noch tsien jier ferplicht arbeidzje op kontraktbasis.

Ketikoti yn Suriname

bewurkje seksje

Yn Suriname hjit de dei offisjeel Dag der Vrijheden, mar ynformeel wurdt er ek wol Kettingsnijden neamd. It is in feest foar alle ynwenners en net allinne foar de neisieten fan de slaven.

Part fan de festiviteiten is Bigi Spikri ('Grutte Spegel'), in kleurige parade yn feestlike en faak tradisjonele klaaiïng.

Ketikoti yn Nederlân

bewurkje seksje
 
Nasjonaal Monumint Slavernijferline yn it Easterpark yn Amsterdam

Afro-Surinamers, mar ek Afro-Antillianen yn Nederlân fiere it feest ek op 1 july of betinke dan de ein fan de slavernij yn tsjerke. Ketikoti wurdt yn Nederlân fan 2009 ôf grut fierd yn it Easterpark yn Amsterdam. Dêr stiet sûnt 1 july 2002 it Nationaal Monument Slavernijverleden.
Sûnt 2013 hat Rotterdam ek in monumint dat de slavernij betinkt, yn it Lloydkertier oan de igge fan de Nije Maas, op it plak dêr't ea slavehannelers mei harren skip ôfsetten nei Afrika.

It Nationaal Instituut Nederlands Slavernijverleden en erfenis (NiNsee) organisearret alle jierren yn de moanne juny in programma om Ketikoti hinne, mei ûnder oare de 'Ketikoti Lêzing'. Op 30 juny 2020 hold Karwan Fatah-Black dy lêzing yn Pakhuis de Zwijger. Hy ferhelle doe oer de Haïtiaanske Revolúsje yn 1791, dy't in soad ynfloed hie op de ynfolling fan slavernij en it boargerskip yn de iere 19e iuw, en dy't ek de ynspiraasjeboarne wie fan de opstannen yn in protte oare slavekoloanjes, lykas dy op Kurasau yn 1795 en hoe't dy revolúsje amper omtinken yn Nederlân krijt.

Yn 2021 bea de Amsterdamske boargemaster Femke Halsema op de dei fan de fiering fan Ketikoti "ekskús" oan, út namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, foar de rol fan de stêd yn de skiednis fan de slavernij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch it Nederlânsktalige artikel nl:Ketikoti