Khan

(Trochferwiisd fan Khanûm)
Dizze side giet oer de aadlike titel. Foar oare betsjuttings, sjoch: Khan (betsjuttingsside).

In khan (útspr.: [kaːn], "kaan", of [xaːn], "chaan") is in titel dy't rûchwei ekwifalint is mei "kening", en dy't histoarysk brûkt waard foar de hearskers fan folken dy't in Turkske of Mongoalske taal sprieken. De term wurdt soms stavere as kan of chan of hiel soms as chaan. De bekendste stavering 'khan' is oernommen út it Ingelsk, dêr't 'ch' útsprutsen wurdt as de 'tsj' fan "tsjerke", sadat foar de 'ch' fan "berch" faak de stavering 'kh' keazen wurdt. Likegoed is de 'ch' fan "berch" in konsonant dy't yn it Ingelsk inkeld yn útlânske lienwurden foarkomt en de gongberste Ingelske útspraak is yn it gefal fan khan dan ek mei in k-klank oan it begjin. Mei dy begjinklank is it wurd neitiid ek yn oare talen oernommen.

It gebiet dat troch in khan regearre wurdt, hjit in khanaat (of kanaat, chanaat). Bekende histoaryske khanaten wiene it Khanaat Kazan, it Khanaat Astrachan, it Krimtataarske Khanaat en it Kazachske Khanaat. Yn Sintraal-Aazje bestiene it Khanaat Kokand en it Khanaat Kiva fuort as fazalsteaten fan it Keizerryk Ruslân oant se nei de Russyske Revolúsje fan 1917 opheft waarden troch de Sovjet-Uny. De oarehelte fan in khan is in khatûn ( ek: khatan) of khanûm (yn it Kazachsk komme beide termen foar: 'khatûn' is in skelwurd foar froulju, wylst 'khanûm' in keninginne oantsjut). As it giet om in hearsker dy't wat mear as in gewoane kening is (dus yn oare talen bgl. in hege kening of in keizer), sprekt men fan in grutkhan, dy't regearret oer in grutkhanaat. De hearsker fan it grutte Mongoalske Ryk (in posysje dy't beklaaid waard troch Dzjengis Khan en syn opfolgers) wie bgl. in grutkhan. Guon Turkse en Mongoalske folken hiene in oare namme foar sa'n monarch: kagan.

De etymology fan 'e term "khan" is ûndúdlik. Der besteane ferskate teoryen, mar oer net ien fan allegearre binne de saakkundigen it iens. De oannimlikste teory is faaks wol dy dêr't de Russyske taalkundige Aleksander Vovin yn 2007 mei op 'e lapen kaam. Neffens him is "khan" fan oarsprong gjin Turksk of Mongoalsk wurd, mar giet de term úteinlik werom op 'e Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje. It Proto-Jenisejaansk, de oertaal fan dy taalkloft, hat nammentlik de wurden *qij en *qaj foar "hearsker". In oare Russyske taalkundige, Anna Dybo, skreau yn 2007 dat "khan" komt fan it Midperzyske wurd *hva-kama, dat "sels-hearsker" betsjut, oftewol "keizer". Saveljev en Jeong woene yn 2020 hawwe dat sawol "khan" as it froulike ekwifalint "khatûn" út it Saka kaam, in Eastiraanske taal, fan it grûnwurd *hvatuñ.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.