Kijkduin (Skoarl)
De nôtmûne "Kijkduin" is in muonts yn it Noard-Hollânske plak Skoarl.
Kijkduin | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Skoarl | |
adres | Molenweg 13 | |
koördinaten | 52°42'N 4°41'E | |
bysûnderheden | ||
funksje | nôtmûne | |
flecht | 22,60 m | |
boujier | 1772 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | gemeente Bergen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33827 | |
Webside | ||
www.molen-kijkduin.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak fan 'e mûne stie al foar 1575 in mûne, nei alle gedachten in standermûne. By de bou fan 'e mûne wie dy foar 5/6 part fan Skoarl en foar de rest fan Groet. Dat duorre oant 1868, doe't fanwegen jildkrapte de mûne oan in partikulier ferkocht wurde moast.
Oant 1935 mealle de mûne en dêrnei waard er oan 'e gemeente ferkocht, dy't de mûne as monumint woe hâlde. Yn 'e oarlochsjierren mealle de mûne noch oant 1944, doe't de mûne stopset waard om 't de lokaasje Sperrgebiet fan 'e Dútsers wie. Nei de befrijing waard der noch foar in koart skoft mealle. Tusken 1976 en 2012 waard fan 'e romp mei wjukken wer in hielendal mealreeë mûne boud.
It asrêd fan 'e mûne datearret fan 1662 en is nei alle gedachten ôfkomstich út de eardere standermûne.
Hjoed-de-dei is de mûne noch jimmeroan eigendom fan 'e gemeente Bergen. De mûne draait alle sneonen en is dan te besjen. Ek wurde der produkten fan 'e mûne ferkocht.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|